Fakmanskip te sjen op Frjentsjerter yndustryterrein East

maaie 14, 2019 10:02

Yndustryterrein East (foto ItOF)

Sneon 25 maaie is der op it yndustryterrein fan Frjentsjer-East in iepen dei. Hast alle bedriuwen dêr dogge deroan mei. It tema is Fakmanskip op East.

Alle bedriuwen hawwe wat unyks te fertellen op it mêd fan it eigen fakmanskip. By Asbest Wat Nu komt men te witten hoe’t asbest derút sjocht en hoe’t it opspoard wurdt. By Meconaf is alles te learen oer ôfsûch- en filtersystemen. By Bijlsma Hercules binne lânboumasinen te bewûnderjen, by BKF kin in hyskraan betsjinne wurde en by F&B Group is te ûntdekken hoe’t in wynturbine fan binnen derút sjocht.

Boubedrijf Haarsma lit duorsume bou-oplossingen sjen en RKP Bouw in badkeamer sûnder tegels. In klassyk motorjacht is te bewûnderjen by Talsma/Structal Friesland en de keunsten fan in motorseachartyst by Houthannel Posthumus. En sa binne der noch trettjin oare bedriuwen dy’t allegear harren spesjaliteit graach sjen litte.

Op de iepen dei wurdt de nije drûchhal fan Royal Steensma ek iepene. Dy is neidat ferline jier de foarige hal ôfbrânde op in oar plak boud. It is in prachtich gebou wurden dat foar it publyk allinne op 23 maaie tagonklik is.

Njonken bedriuwen binne der ek organisaasjes aktyf. Scouting Andromeda Franeker organisearret in speurtocht en kanoferieniging Onder De Wadden en de Diensthonden Club Franeker jouwe demonstraasjes. Foar de bern is der in grut tal aktiviteiten. Wa’t it noflik hawwe wol kin him yn in treintsje by de bedriuwen lâns ride litte en op twa hoarekapleinen kin men efkes oanstekke om in drûge kiel foar te kommen.

Ien en oar is ek te besjen op https://www.facebook.com/IndustrieterreinOostFraneker/ en op https://www.facebook.com/events/2378928888837460/

maaie 14, 2019 10:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.