Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (68)

maaie 25, 2019 08:08

It lean, it tametten part

It keninkryk is as de druvetún fan in boer. De boer giet moarns betiid nei it plein en hiert wurkleaze arbeiders yn foar in sulverstik deis. In pear oeren letter komt er wer by it plein lâns en der steane nije arbeiders en hy hiert se ek yn foar in sulverstik. Sa giet dat de hiele dei troch. Oan ’e ein fan ’e dei betellet er elke arbeider út, en hy begjint mei de arbeiders dy’t der it lêst by kommen binne. De arbeiders dy’t it earst ynhierd binne, begjinne no te sangerjen:
“De lêsten hawwe mar ien oerke wrotten en wy de hiele dei lang. En se krije likegoed likefolle as ús en se wurde noch earder útbetelle ek.”
Mar de boer seit:
“Ik doch ommers wat ik tasein haw? Ik betelje wat ik mei jim ôfpraat haw. En boppedat, wa syn jild is it? Mei ik mei mines dwaan wat ik wol? Of binne jim lilk omdat ik goed bin?”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
maaie 25, 2019 08:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.