Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (67)

maaie 18, 2019 07:18 Fernijd

Lazarus kriget it libben wer

Ofbylding: Wikimedia commons

Lazarus is siik, de broer fan Marta en Maria, en ik sis:
“De sykte hat as doel om it riedsel fan God en syn gloarje sjen te litten.”
Twa dagen letter gean ik der pas hinne.
“Is dat wol ferstannich”, freegje de learlingen. “De foarige kear dat wy dêr wiene, smieten se mei stiennen om Jo te fermoardzjen.”
Ik sis dêrop:
“Oerdeis is der ljocht yn ’e wrâld en altyd is der ljocht yn ús as in lampe foar de foet. Foar dat ljocht slute wy de eagen net.”
“Kom”, seit Tomas, “lit ús mar meigean, dan kinne wy mei him stjerre.”

Marta komt my temjitte en seit mei in bitter lûd:
“As Jo hjir west hiene, soe ús broer noch it libben hawwe.”
“Hy sil it libben hawwe”, sis ik en fiel it mei. “Leausto yn my?”
“Ik leau yn Jo, Hear”, seit Marta.

Efkes letter komt Maria my temjitte en seit:
“As Jo hjir west hiene, soe ús broer noch it libben hawwe.”
En se skriemt bitter en as ik har skriemen sjoch, deart it my oan.

Ik freegje: “Wêr is Lazarus?”
De famylje fan Lazarus lit my sjen wêr’t it grêf is en ik moat gûle. De famylje gûlt ek en guon sizze: “Wat in goede freon is Hy” en oaren sizze: “Wêrom is Er net earder kommen? Hy hie him rêde kinnen.”

Ik wurd wer oandien en jou opdracht om de stien foar it grêf wei te rôljen. Ik slaan de eagen omheech en sprek dit gebed út:
“Heit, ik tankje Jo dat Jo dien hawwe wat ik winske. Sels wit ik dat Jo myn winsken altyd útfiere, mar ik sprek om wille fan ’e minsken om my hinne, dat se leauwe dat Jo my stjoerd hawwe.”
En dan rop ik lûd:
“Lazarus, kom nei bûten ta!”
En dêr komt de freon út syn grêf, yn lapen teard en mei in doek om ’e holle.
En ik sis:
“Meitsje him los en lit him gean.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.

 

maaie 18, 2019 07:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.