Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (66)

maaie 11, 2019 07:30 Fernijd

De rike bankier

ôfbylding imagenesmy.com

Yn Jericho wennet de rike bankier Sacheüs. Hy kin troch de minskeklibers net sjen wa’t ik bin want hy is koart fan stal. Hy draaft foarút lâns de wei dy’t ik nimme sil en kliuwt yn in wylde figebeam. As ik by dy beam bin, sjoch ik omheech en sis:
“Sacheüs, kom fluch nei ûnderen ta want ik sil by dy útfanhûzje.”
En hy komt fluch út ’e beam en giet nei hûs ta en hy is bliid dat er my ûntfangt. Guon begjinne oer my te kleien:
“Sjoch, hy giet by in ferkearden ien yn ‘e hûs, in rike stjonkert, om dêr let en set te wurden.”
Sacheüs giet lykwols stean en seit tsjin my:
“Sjoch Hear, de helte fan myn besit jou ik oan de earmen en as ik immen jild ôfparse haw, betelje ik fjouwer kear safolle werom.”
Ik sis:
“Hjoed hat God syn geunst oan dy jûn, want do litst sjen hoe’t in goed minske, in soan fan Abraham, him hâldt en draacht.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
maaie 11, 2019 07:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.