Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (65)

maaie 4, 2019 10:17

Genede is goed

Ofbyling: opfrisser.com

“It is net maklik en gean yn ta it keninkryk fan God ast jild hast”, sis ik en ik sjoch de learlingen oan.
“Bern, hoe dreech is it en gean yn ta it keninkryk fan God. In tsjok tou giet makliker troch it each fan in nuddel as dat in ryk man yngiet ta it keninkryk fan God.”
De learlingen binne ferslein en sizze tsjininoar:
“Wa sil it dan noch oprêde?”
Ik antwurdzje har:
“By de minsken is it ûnmooglik, mar net by God, want by God is alles mooglik. Syn genede is grut.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre. Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm
maaie 4, 2019 10:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.