Elmar Kuiper nei Transpoesie yn Brussel

maaie 6, 2019 09:21

Yn 2019 wurdt yn Brussel wer Transpoesie organisearre, it Europeeske Poëzyfestival. Foar de twadde kear is dêr in Fryske dichter oanwêzich, nammentlik Elmar Kuiper. Hy sil 26 septimber optrede wannear’t it de Europeeske Dei fan ’e Talen is, tusken 24 oare talen út Europa. Fierder organisearret Transpoesie foarstellings yn septimber en oktober.

Elmar Kuiper (foto: Piet Douma)

Ek dit jier hat It Skriuwersboun de oprop dien foar ynstjoerings. In kommisje besteande út Alex Riemersma (NHL-Network to Promote Linguistic Diversity), Cor van der Meer (Fryske Akademy) en Tryntsje van der Veer (It Skriuwersboun) hat út trije kandidaten Elmar Kuiper keazen mei syn gedicht ‘Myn Lân’.

De yn 1969 berne dichter skreau fiif Frysktalige bondels (Hertbyt, Ut namme fan mysels, Granytglimkes, Hiemsiik en Stienkeal (Bornmeer). Syn Nederlânske gedichten waarden bondele yn Hechtzwaluwen (Augustus) en Ruimtedier (Atlas Contact) en ek ferskynde fan syn hân de twatalige bondel: Roep de rottweiler op! / Rop de rotweiler op! (BnM).

Njonken dichter is Elmar Kuiper ek toanielskriuwer, byldzjend keunstner, performer, filmmakker en partisipearret yn it ymprovisaasjekollektyf Tsjinlûd. Fierder is hy lietskriuwer en sjonger fan de darkwave band Tigers fan Greonterp.

Ut ‘Myn lân’ in fragmint:

Wat kin ik jaan as de ljip op myn lân gûlt
aai kwyt, aai kwyt, as myn skries skriemt
as in dichter dy’t siik en blyn fan langst
syn âlde lân besjonge wol?

Wat kin ik dwaan as myn lân skoare wol,
mar jankt as in junk om ’e jarre,
as de hûd skuort, de nulle yn ’e ier
it wêzen iepenript?

Foar mear ynfo oer it festival: www.transpoesie.eu.

maaie 6, 2019 09:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.