Ekstra omtinken foar bern nei húslik geweld

maaie 22, 2019 12:23

Yn Achtkarspelen sille ûnderwiis, berne-opfang en plysje gearwurkje om gau help te bieden oan bern dy’t thús mei geweld te krijen hawwe. Dêr hawwe se in konvenant foar tekene, Handle with Care.

Binnen 24 oere nei in húslik geweldsynsidint moat der stipe foar de bern wêze, is it doel. Wethâlder Margreet Jonker is der bliid mei: “Skoalle en berne-opfang binne foar bern belangrike, feilige plakken. Dêrom is it fan grut belang dat dy gau in sinjaal krije, sadat de bern goed opfongen wurde kinne.”

Bern dy’t thús geweld meimeitsje binne faak bang en drok en fiele har allinne mei dy ûnderfining. Se geane de oare deis gewoan nei skoalle ta, dêr’t faak net bekend wat it bern meimakke hat. Yn Wageningen en Heerde binne proeven nommen mei de nije oanpak, dy’t no yn Achtkarspelen ek besocht wurdt. De plysje sil nei sa’n ynsidint de skoalle of berne-opfang daliks trochjaan dat der wat te rêden wie, sûnder te fertellen wát der bard is. Sa’n bern kriget dan bygelyks wat ekstra omtinken. De earste ûnderfiningen binne posityf. In plysje seit: “Doe’t  ik fertelde dat we de skoalle op ’e hichte bringe soene, fielde it bern him ferromme. ‘Dus ik kin my gewoan deljaan en sliepe?’ frege it.”

Handle with Care is in inisjatyf fan Augeo Foundation en ûnderdiel fan it programma ‘Geweld hoort nergens thuis’ fan it kabinet.

Oanslutend oan it ûndertekenjen iepene wethâlder Jonker de útstalling ‘Bij wie voel jij je veilig’. Ferline jier organisearren de basisskoallen yn Achtkarspelen mei de gemeente in doch-kriich foar learlingen fan groep 7 en 8. Dy koene in bydrage skriuwe, tekenje of ûntwerpe oer dat tema. fan 21 oant en mei 29 maaie binne alle ynstjoeringen yn it gemeentehûs yn Bûtenpost ûnder kantoartiden te besjen.

maaie 22, 2019 12:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.