Earste Frysk Fûnse Foarum klinkt nei mear

maaie 14, 2019 10:53

foto © Lucas Kemper

Ferline wike sneon holden Keunstwurk en OMF (de organisaasje fan muzykferieningen yn Fryslân) it Fryske Fûnse Foarum: in dei om projekten en fûnsen me-inoar yn ’e kunde komme te litten. Der wiene goed hûndert besikers. Nei presintaasjes fan de fûnsen koene inisjatyfnimmers fan projekten harren projekt yn ferskillende workshops ferdúdlikje.

De grutte fûnsemerk dy’t by gelegenheid fan Kulturele Haadstêd holden waard en goed oansloech, brocht Keunstwurk en OMF op it idee fan it Fryske Fûnse Foarum. By dizze earste edysje wiene der presintaasjes fan njoggen fûnsen: it Iepen Mienskipsfûns, Mienskipsfûns Ljouwert, Prins Bernhard Cultuurfonds, Stichting van Teyens Fundatie, EDR voor uitwisseling met Duitsland, LOF it Ljouwerter Undernimmers Fûns, Jeugdfonds Kultuer Fryslân, Lammert Koopmans Stichting en Fonds voor Cultuurparticipatie.

Tongersdeitejûn 26 septimber is der wer sa’n foarum. Dat hat in algemien karakter en sil net allinne op muzyk taspitst wêze.

maaie 14, 2019 10:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.