Dûnsje mei Tomke

maaie 10, 2019 08:36

Fan 16 maaie oant en mei 2 july kinne pjutten en beukers yn it noarden fan Fryslân genietsje fan de workshop Dûnsje mei Tomke. Dy sil holden wurde yn njoggen biblioteken en yn it Trefpunt yn Hallum. Nei ôfrin krije de bern it nije Tomke-boekje mei.

Tomke is in Frysktalich taal- en lêsbefoarderingsprojekt bedoeld foar jonge bern en harren âlden. De workshop giet oer sintugen; priuwe, fiele, rûke, hearre, sjen… en dûnsje fansels! De aktiviteit is bedoeld foar pjutten en beukers mei harren heiten, memmen en fersoargers. De tagong is fergees.

Fergees Tomke-boekje
‘Sintugen’ is it tema fan it nije Tomke-boekje Belibje it mei Tomke. De ferhaaltsjes geane oer alles wat bern belibje kinne: fan pankoekiten en beskûlboartsjen oant boartsjen mei de iPad. Der steane ek nije ferskers yn en in grutte sykplaat oer de merk. It boekje is fan 3 juny ôf fergees  krijen yn de biblioteken.

Adressen fan de biblioteken steane op www.ontdekdebieb.nl. Dêr is ek ynformaasje te finen oer meartalichheid, Tomkeradio, -app en -kleurplaat.

maaie 10, 2019 08:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.