Dûk Eddie Vedder meast legindaryske momint út Pinkpopskiednis

maaie 31, 2019 10:16

Top 5 fan 50 jier Pinkpop bekend – Utstjoering: snein 2 juny om 21.15 oere

De legindaryske dûk fan Pearl Jam-sjonger Eddie Vedder, dy’t yn 1992 fan in kamerakraan ôf it publyk yn sprong, is troch it publyk útkeazen ta ít telefyzjemomint út fyftich jier Pinkpopskiednis. Dy dûk, en 49 oare ikoanyske Pinkpopmominten, binne op snein 2 juny werom te sjen yn de Top 50 fan 50 jier Pinkpop.

Foto: NTR

Eddie Vedder wurdt op ’e foet folge troch Rage Against the Machine’s Killing in The Name. Dat nûmer stiet by in protte Pinkpopleafhawwers stevich yn it ûnthâld om’t it springen op it fjild yn 1994 in echte ierdbeving ta gefolch hie. Dat lûde muzyk in bliuwende yndruk efterlit, blykt út de oare nûmers fan de Top 5. Dêryn sjogge we op 5 Metallica, op 4 Rammstein en op 3 Foo Fighters.

Top 50 fan 50 jier Pinkpop is in feestlike útstjoering op NPO3 ta gelegenheid fan de fyftichste edysje fan it legindaryske muzykfestival. Earder koene fans fan Pinkpop stimme op harren favorite fragmint. De top 50 dy’t dêr’t út fuortkaam is, foarmet de basis foar de útstjoering, en toant it Limburchske festival yn al syn ferkaat, ôfmakke mei reportaazjes, fraachpetearen, sfearbylden en in hiele protte goede muzyk.

Spesjaal foar de útstjoering wurdt weromsjoen mei Rowwen Hèze, Krezip en fansels Pinkpopbaas Jan Smeets sels. Fierder is der in protte omtinken foar oare talinten dêr’t de muzyk ús altyd fan bybleau, mar ek foar de apartelingen dy’t we op in oare manier nea fergetten binne. Der wurdt bygelyks in besite brocht oan Bob Forrest fan Thelonious Monster, dy’t ea op it dak fan it haadpoadium klom. Soks fansels ta alteraasje fan alle besikers. En yn eigen lân wurdt oangien by Typhoon en De Staat om werom te sjen op harren ûnderfinings yn Landgraaf.

Foar it programma wurken BNNVARA, NTR en VPRO mei-inoar gear. It wurdt op 2 juny, in wike foar de fyftichste jierdei fan Pinkpop, útstjoerd.

Besjoch in foarfilmke fan de útstjoering.

maaie 31, 2019 10:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.