Do bist oars, krekt as ik

maaie 15, 2019 15:53

Op 30 maaie, Himelfeartsdei, wurdt op Swarteweisein yn Park Vijversburg it SamSam-festival ‘Do bist oars, krekt as ik’ holden. Dat is in leechdrompelich feest foar en troch minsken mei en minsken sûnder beheining.

De middeis fan ienen oant healwei fiven is der fan alles te belibjen troch it hiele park hinne. Wat dat ynhâldt is te finen op www.facebook.com/samsamfest, want dêr stiet it hiele programma. Alle artysten en frijwilligers dogge om ’e nocht mei, want nocht en wille, dêr is it om begûn.

De oarganisatoaren wolle foaral oan jonge bern sjen litte dat minsken mei in ferstanlike beheining ek hiel wat kinne en dat men mei-inoar gewoan hiele moaie dingen dwaan kin. Om dat ekstra ûnder de oandacht te bringen krije alle skoallen yn Tytstjerksteradiel in programma oanbean fan lietsjes en stikjes oer freonskip en wurdt der oer it SamSam-festival ferteld.

maaie 15, 2019 15:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.