De ynsekten helpe mei in hotel

maaie 9, 2019 08:52

Yn noch gjin tritich jier tiid is mear as trijefearn fan de fleanende ynsekten út it Europeesk loftrom ferdwûn. Under oare bijen, flinters en holders wurde mei útstjerren bedrige. Dat jout noed: foaral fanwege harren grutte rol yn it ekosysteem. Beslist.nl lit sjen hoe’t elkenien in stientsje bydrage kin troch in ynsektehotel te starten.

Foto: pixabay.com

Floara en fauna slim bedrige
Opnij wurdt yn in ynternasjonale stúdzje grutte noed utere oer it libben fan plante- en bistesoarten op ierde. De oanwêzigens fan ynsekten spilet dêr in krusjale rol yn. Yn in earder dit jier ferskynd rapport waard al konkludearre dat fjirtich persint fan de ynsektesoarten mei útstjerren bedrige wurdt.

Alle bistjes helpe
It liket miskien in drip op in gleone plaat, mar alle eftertunen kinne stipe biede oan it ferbetterjen fan it wrâldwide ekosysteem. Ien ynsektehotel kin al gau hûnderten bistjes húsfêstje, dy’t dan wer tûzenen planten bestowe.

“Bistjes, harrebarre!”
Net elkenien sjocht graach earkrûpers, krobben of gaasmiggen yn syn of har eftertún, mar hast alle ynsekten binne tige nuttich. Se helpe jins planten bygelyks fan dy ferfelende blêdlús ôf, of romje skimmels yn de tún op. Sa ‘harrebarre’ binne dy bistjes dus net!

Wiidweidige ynformaasje oer ynsekten, ynklusyf tips foar it sels opsetten fan in ynsektehotel is te finen op www.beslist.nl/info/insecten.html.

maaie 9, 2019 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.