De Top 50 fan 50 jier Pinkpop

maaie 21, 2019 08:51

Hitparade fan 50 jier Pinkpop – mei Pearl Jam, Faithless, Osdorp Posse en folle mear.

Utstjoering: snein 2 juny om 21.15 oere op NPO 3.

De Top 50 van 50 jaar Pinkpop is in feestlike útstjoering ta gelegenheid fan de fyftichste edysje fan it legendaryske muzykfestival.

Foto’s: NTR

Wurdt it de yslike dûk yn it publyk fan Eddie Vedder, de dûnkere wolkens boppe it poadium by Metallica of de monumintale ferzje fan God is a DJ fan Faithless? Earder koene fans fan Pinkpop stimme op har favorite fragmint út fyftich jier Pinkpopskiednis. De Top 50 dy’t dêrút fuortkaam is, is de basis foar De Top 50 fan 50 jier Pinkpop, en toant it Limburchske festival yn al syn ferskaat, ôfmakke mei reportaazjes, fraachpetearen, sfearbylden en in hiele protte goede muzyk.

Spesjaal foar de útstjoering wurdt weromsjoen mei ûnder oaren Rowwen Heze, Doe Maar, Claw Boys Claw, Krezip, de grutste Rolling Stonesfamyljefanklup fan Nederlân en fansels Pinkpopbaas Jan Smeets sels.

De Top 50 fan 50 jier Pinkpop is in ko-produksje fan NTR/BNN/VARA/VPRO.

maaie 21, 2019 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.