De takomst fan it feanlânskip yn Fryslân

maaie 1, 2019 13:02

Hegeskoalle Van Hall Larenstein en it Kennissintrum Lânskip fan de RUG hâlde yn gearwurking mei It Fryske Gea woansdei 8 maaie yn Earnewâld it Schuilingkongres, dat as tema ‘Takomst foar fean’ hat. Saakkundige sprekkers sille ynsjoch jaan sawol yn de skiednis en as yn takomstsenario’s fan feangebieten yn Fryslân. Wat is it belang fan ús feangebieten en hoe kinne we it ferdwinen fan fean opkeare?

Foto It Fryske Geq/Henk de Vries

Feangrûnen hearre by it karakteristike en klassike lânskipsbyld fan Nederlân, mar de takomst dêrfan stie op it stuit yn ’e kiif. As alle fean ferdwynt hat dar grutte gefolgen foar it ekosysteem en it lânskip. Troch de foar it agrarysk gebrûk needsaaklike ûntwettering fan feangebieten sakket it meanfjild soms mei in sintimeter it jier. Troch it drûchlizzen fan de boppeste laach fan it fean kringt soerstof yn de boaiem troch. Dêrtroch oksidearret of ferbrânt it fean en nimt it folume ôf. Mei troch de klimaatdiskusje wurdt oeral yn it lân nei mooglikheden socht om it weireitsjen fan de feangebiet in ho ta te roppen. De fraach is oft dat slagje sil en wat de finansjele gefolgen foar de boeren yn dy gebieten binne.

Schuilingkongres
De organisatoaren fan it kommende Schuilingkongres binne der wis fan dat de dielnimmers better ynsjoch krije yn de problematyk. Der wurdt besjoen wat mooglikheden binne om it ferdwinen fan it feanlânskip te kearen en wat de sosjaal-maatskiplike konsekwinsjes fan sokke maatregels binne.
Moarns wurde fiif presintaasjes jûn troch saakkundigen dy’t thús yn binne yn it ûndersyk en te meitsjen hawwe mei de projekten om de oplossingen yn de praktyk te bringen.
Middeis kinne de dielnimmers yn it fjild yn ’e kunde komme mei de ferskillende swierrichheden yn it feanlânskip De Alde Feanen en wurde de resultaten fan it mooglikheden fan it ferhelpen besjoen.

Foto It Fryske Gea/Dico de Klein

It kongres is neamd nei Roelof Schuiling (1854-1936), ien fan de belangrykste grûnlizzers fan it ierdrykskundeûnderwiis yn Nederlân. Eardere Schuilingkongressen lutsen sa’n 80-90 dielnimmers, benammen ierdrykskundeleararen út de trije noardlike provinsjes, mar ik terreinbehearders, oerheidsmeiwurkers, lokale natuergidsen en studinten.

Mear ynformaasje is finen op www.itfryskegea.nl/schuilingcongres.

maaie 1, 2019 13:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.