De slach om Libanon

maaie 14, 2019 09:11

Utstjoerings: woansdeis 5 & 12 juny om 20.25 oere by de NTR op NPO2

Yn it twalûk De slag om Libanon nimt Danny Ghosen de spande situaasje yn syn heitelân ûnder de loep, oan ’e hân fan petearen mei ynwenners fan it lân dat er sels as 15-jierrige ûntflechte. Hoe wie syn libben ferrûn as er yn Libanon bleaun wie? Wêrom liket Libanon as lân te mislearjen? De slach om Libanon is in persoanlike syktocht fan Danny nei de oarsaak fan de hjoeddeiske krisis dêr.

Foto: NTR

“As ik 25 jier lyn net flechtsje kinnen hie, wat wie der dan fan my wurden?”
Dy fraach hâldt sjoernalist en programmamakker Danny Ghosen geregeld dwaande. Libanon (fjouwer miljoen ynwenners, 1,5 miljoen flechtlingen) is in kompleks lân, dêr’t religy en polityk ûnskiedber mei-inoar ferbûn binne. Achttjin ferskillende godstsjinstige streamingen libje dêr mei-inoar. Fan 1975 oant 1990 hearske der in boargeroarloch dêr’t hûndertûzenen minsken de dea yn fûnen. In protte Libanezen flechten yn dy perioade en yn de rûzige jierren dêrnei it lân út. Dat die de húshâlding fan de jonge Danny ek. Sa kamen se yn 1993 yn de Hollânske polder telâne.

Foar syn wurk as sjoernalist en programmamakker reizge Ghosen de ôfrûne jierren geregeld nei Libanon. Mar eins nea privee. Der wennet gjin famylje mear, freonen hat er der ek net. Syn libben is hjir yn Nederlân. Hoe faker as er yn syn heitelân weromkaam, hoe grutter syn fernuvering en frustraasje waard. Oan de bûtenkant sjocht it der moai út, de minsken binne gastfrij. Mar de deistige werklikheid is hurd en bitter. Alle dagen wurdt der knokt om der wat fan te meitsjen. Der binne grutte ferskillen yn opfettings oer hoe’t it lân sûn wurde moat. Slagget it de Libanezen om de frede te bewarjen, of driget der in nij konflikt?

Ofleveringsynformaasje
Yn diel 1 fan De slag om Libanon draait it om de gefolgen fan de lange boargeroarloch (1975-1990). Noch hieltyd fiele boargers alle dagen de gefolgen fan dy striid. Danny kaam op ’e wrâld yn in lân yn oarloch en de earste tsien jier fan syn libben wist er net better.

Yn diel 2 fan De slag om Libanon draait it om problemen fan hjoed-de-dei. It lân stiet der polityk en finansjeel tige swak foar en elkenien fernimt dat alle dagen. Korrupsje, wetleazens, earmoed, yntimidaasje. Problemen just fan dizze tiid, of fan altyd?

maaie 14, 2019 09:11
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Eric Hoekstra maaie 14, 16:58

    Wêrom liket Libanon as lân te mislearjen?
    “De intra-islamitische verstandhoudingen hebben in de recente geschiedenis van Libanon tot gewapende conflicten geleid” (wikipedia).

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.