De 103 fan Loenen

maaie 2, 2019 09:29

Utstjoering: sneon 4 maaie, 21.50 oere, NPO 1
Presintaasje: Dionne Stax

Yn it laboratoarium fan de Berging en Identfikaasjetsjinst (BIDKL) leit sersjant-majoar Els Schiltmans alle bonken en bonkjes fan in ûnbekende man anatomysk út op ien fan de trije izeren obduksjetafels. Mei soar sjocht, ûndersiket, fielt en mjit se alle bonkjes.

Foto: NTR

“Dit is in man fan in jier as 35 en ik tink dat er likernôch 1,75 meter is”, jout se fluch har oardiel. De harsenpanne fan de man is yn ferskate stikken útinoar klapt en de dielen wurde as in 3D-lispuzzel op tafel lein. “Hoe is dizze man om it libben kaam?” freget presintator Dionne Stax.

“Dit soart skansearrings sjogge we faak by ien dy’t hiel ticht op in eksploazje stien hat”, antwurdet Schiltmans, wylst se in grien mûlekapke foardocht en in twadde oan Stax jout. “Om foar te kommen dat ús DNA him mingt mei dat fan him”, ferdútst se. Mei in spesjale seage hellet se in stik fan fiif sintimeter út de lofter bilbonke. “Dy bonke giet nei it Nederlânsk Forinsysk Ynstitút (NFI) dêr’t in DNA-profyl opmakke wurdt. Oer trije moanne witte we miskien mear”, seit se nei’t se de seage dellein hat en in stikje bonke mei soarch opburgen hat yn in plestik pûdsje mei barkoadestikker.

It is in sêne út de dokumintêre De 103 fan Loenen. Dêryn folget it skiednisprogramma Andere Tijden in jier lang fjouwer militêren fan de Berging en Yndintifikaasjetsjinst by it ûndersyk. Dionne Stax docht de presintaasje.

Unbekende Nederlanners
Nei de oarloch binne de resten fan tûzenen yn Dútslân omkommen Nederlanners werombrocht nei it heitelân. Hja hawwe de arbeidsynset en de konsintraasjekampen net oerlibbe. Allegear binne se stoarn troch ûngelokken, tekoart oan iten en bombardeminten. De measten binne ûnder harren eigen namme begroeven. Fan in lyts part fan de slachtoffers is gjin namme bekend. Hja binne anonym op Nasjonaal Eerefjild Loenen begroeven. 75 jier nei de oarloch wurdt in jier lang foar in lêst besocht om de 103 net-identifisearre manlju en froulju harren namme werom te jaan. Projektlieder Els Schiltmans: “Troch moderne techniken as DNA, digitalisearring en it iepenstellen fan argiven binne wy no better by steat om harren identiteit te efterheljen. Mar it is in race tsjin de klok. Wolle wy noch libbene bern treffe, dan moatte we oanmeitsje.”

De reportaazje De 103 fan Loenen fan regisseur Hein Hoffmann is op 4 maaie op NPO 1 te sjen.

maaie 2, 2019 09:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.