Dantumadiel kampt mei tekoart yn jierrekken 2018

maaie 29, 2019 15:36

De jierrekken 2018 fan de gemeente Dantumadiel slút mei in negatyf saldo fan goed € 3.9 miljoen. Grutte tsjinfallers binne, krekt sa’t dat lanlik it gefal is, ûnder mear it sosjaal domein, jeugdsoarch en in legere útkearing út it gemeentefûns. De gemeente sil akút bystjoere moatte om de finansjele posysje op koarte én lange termyn op oarder te krijen, neffens wethâlder Kempenaar fan Finânsjes.

Weromsjen op 2018
Der wiene ek moaie resultaten. De gemeenteriedsferkiezing brocht in nije gemeenteried mei, mei entûsjaste riedsleden en hege ambysjes en in allike ambisjeus nij kolleezje fan B en W. Under it motto Sko Ris Oan sette dat útein mei in dialooch mei de doarpen dy’t weardefolle ynformaasje nei foaren brocht.

It jier begûn mei in slutende begrutting en genôch reserves. Benammen troch de ûntwikkelingen yn it sosjaal domein en de jeugdsoarch moast dy fiks bysteld wurde. Yn de jeugdsoarch naam it tal kliïnten mei 22% ta. Dat late ta in oerskrieding fan € 1 miljoen. Troch de WMO sinjalearren de gebietsteams mear problematyk, dat ta in oerskrieding fan goed € 0.9 miljoen late. Dantumadiel moast ek nochris sa’n € 0.6 miljoen bydrage oan it tekoart dat de GR DDFK oprûn hie en €1.7 miljoen stoarte foar pensioenfoarsjenningen en wachtjilden foar wethâlders as gefolch fan in resintlik feroare systematyk.

De resultaten fan in plan om it tekoart te ferhelpen wurde yn de mearjierrebegrutting 2020-2023 ferwurke. It  kolleezje fan B en W leit de jierrekken op 9 july oan de ried foar, foar it fêststellen dêrfan.

Untwikkelingen
Wethâlder Kempenaar hat foaral grutte noed oer de ûntwikkelingen yn it sosjaal domein en de jeugdsoarch:It berop op de WMO en Jeugdsoarch nimt ta en it tekoart rint op. Dantumadiel wykt dêr net yn ôf fan wat lanlik bart. In grut part fan it tekoart is struktureel. Us finansjele posysje moat sa gau mooglik fersterke wurde. It kolleezje moat yngripende maatregels nimme en sil gauris in pynlike kar meitsje moatte. Oant we in goed ynsicht hawwe yn it plan om de posysje te ferhelpen en de effekten dêrfan jouwe wy neat út en geane wy gjin ferplichtingen oan.”

 

maaie 29, 2019 15:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.