Dantumadiel jout politike kursus yn it Frysk

maaie 7, 2019 08:31

Yn gearwurking mei Prodemos biedt de gemeente Dantumadiel in kursus oan om syn ynwenners út te lizzen hoe’t de polityk wurket en hoe’t se dêr ynfloed op útoefenje kinne. De gemeenteried wol graach dat safolle mooglik ynwenners begripe wat de ried docht. Dan kin in folksfertsjintwurdiging syn wurk goed dwaan. De ried heart in ôfspegeling fan de befolking te wêzen. De kursus kin der bygelyks ta bydrage dat by de folgjende riedsferkiezingen mear jongelju en froulju op de listen steane.

De kampanje foar de kursus ‘Polityk Aktyf yn de gemeente Dantumadiel’ set woansdeitemoarn útein. Boargemaster Klaas Agricola ûntbleatet dan mei griffier Teun de Jong yn de Falom it earste fan de reklamebuorden dy’t op mear plakken yn de gemeente te sjen wêze sille.

Fiif jûnen yn it Frysk
Der wurde fiif jûnen organisearre mei praatsjes, spultsjes, ynterviews en filmkes. De earste jûn is op 29 maaie 2019. Tineke Clevering is de kursuslieder en dy docht dat yn it Frysk. De kursus is fergees.

Oanmelde kin mei in e-mail nei griffy@dantumadiel.frl
Mear ynformaasje is te finen op www.dantumadiel.frl/politiek-actief

maaie 7, 2019 08:31
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Demokritikus maaie 7, 13:01

    Polityk aktyf yn gearwurking mei Prodemos? De jongerein en froulju meie wol oppasse: Prodemos is ek op oare wize aktyf.
    Kinst ek net nei de kursus gean en sjoch hoe’t de boargers fan Kollum ferrifele wurde mei sinnepanielen: sa wurket polityk!

  2. mbc84 maaie 8, 19:04

    Prodemos, dy klup dy’t finânsierd wurdt troch dy kommunist George Soros… Dan witte je dat ien en al yndoktrinaasje wurdt… Hoe Frysk ek, it soe ferbean wurde moatte dizze klup fan antydemokratyske sosjalisten…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.