CdK-penning foar boeierkommisje Steatejacht

maaie 21, 2019 09:30

Foto Provinsje Fryslân

De boeierkommisje fan it Steatejacht hat juster de CdK-penning krige fan kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok. Yn de kommisje binne de Keninklike Sylferiening Oostergoo en de middenstân fertsjintwurdige. Sy joegen 65 jier lyn de boeier Friso oan it provinsjebestjoer, om him te brûken yn it belang fan Fryslân en de Fryske ekonomy.

De CdK-penning is bedoeld foar persoanen en organisaasjes dy’t har ynsette foar Fryslân en in bân hawwe mei de kommissaris fan de Kening. De útrikking wie yn it Provinsjehûs, dêr’t de hear Brok de kommisje betanke foar syn ynset. Dat barde yn oanwêzigens fan ûnder oaren âld-kommissarissen en âld-skippers.

De boeierkommisje makket noch alle jierren in fartocht mei it Steatejacht en advisearret dan oer de steat fan ûnderhâld. It provinsjebestjoer brûkt it 125 jier âlde skip al 65 jier trou yn it belang fan Fryslân.

By de útrikking song Elske DeWall it nije Frisoliet. Sneon sil se dat ek dwaan by de floatskou ta eare fan it jubileum fan it Steatejacht yn Grou (fan 15.00 oere ôf). Dat is nei de ledegearkomste fan Oostergoo en it Iepen Frysk Kampioenskip Klompkesilen.

maaie 21, 2019 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.