Buma foardroegen as boargemaster fan Ljouwert

maaie 17, 2019 07:37

Sybrand Buma (foto Wikimedia © Europeeske Folkspartij)

De gemeenteried fan Ljouwert hat unanym besletten om Sybrand Buma (*30 july 1965 Warkum) foar te dragen as boargemaster fan Ljouwert. Buma hat santjin jier politike ûnderfining as Twadde Keamerlid.

Mei syn benaming wurde twa tradysjes brutsen. Fanâlds hat Ljouwert sûnt de Twadde Wrâldoarloch in sosjaal-democraat as boargemester. Dêr waard mar twa kear fan ôfwykt: mei Hayo Apotheker (D66) en Geert Dales (VVD). De twadde tradysje/ûnderfining by sokke beneamingen is, dat wa’t yn ’e oanrin yn de parse en op sosjale media neamd wurdt, it krekt nét wurdt. Dat giet dizze kear net op. De kar fan en foar Buma lei, sa’t it skynt, sá yn ’e reden dat hy wol de opfolger fan Ferd Crone wurde moast. Lykas syn foargonger ken er “de wei nei De Haach” goed.

It doel is dat Buma yn augustus ynstallearre wurdt. Hy is troud mei Marijke Geertsema, krekt as har man ek jurist. Se wenje yn Voorburg en hawwe twa studearjende bern, dy’t al út ’e hûs binne.

maaie 17, 2019 07:37
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sybren maaie 17, 22:03

    Mar hy praat net Frysk….

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.