Bretonsktalige skoallen moatte op ’e nij befochten wurde

maaie 29, 2019 17:20
Diwan

It Bretonsk is in Keltyske taal, nau besibbe oan it Welsk, Iersk en Skotsk Gaelic.

Sneon wie der yn it Bretonske Kemper/Quimper in demonstraasje foar it behâld fan it Bretonsktalige ûnderwiis. Dat liket op it earste each wat nuver, want skoallen mei it Bretonsk as fiertaal, besteane al tsientallen jierren en der komme hieltiten nijen by. Dochs wie der in oanlieding om de dyk op.

Dy oanlieding is in útspraak fan Jean-Michel Blanquer, de Frânske minister fan ûnderwiis. Dy sei ferline wike dat it wat him oanbelanget net wis is dat de Bretonsk- en Baskysktalige priveeskoallen in oerheidsfergoeding krije. Neffens dy minister wiene de skoallen te ientalich en diene se te min oan it Frânsk. Hy sei dat de skoallen no “in pear jier” bestiene en earst mar ris evaluearre wurde moasten.

Youenn Chapalain fan de stifting Diwan, in grutte koepel fan Bretonsktalige skoallen, is lilk op de minister. Hy seit: “Fjirtich jier Diwan-skoallen, fyftich jier ûnderdompelingsûnderwiis yn Baskelân, wa besiket er foar de gek te hâlden? Wy hawwe der ús nocht fan om allinne mar dulde te wurden.” Ut evaluaasjes docht boppedat bliken dat de Diwan-skoallen it goed dogge. Yn 2013 wie in Diwan-skoalle sels de bêste skoalle fan Frankryk.

De Diwan-skoallen en har wjergaders yn Baskelân besykje al sa lang as se besteane om reguliere oerheidsstipe te krijen foar it lesjaan. Se krije wol wat jild fan ’e sintrale oerheid, mar net struktureel. Se wurde fierder betelle út priveemiddels en troch stipe fan lokale en regionale oerheden. Yn 2001 wie de doetiidske minister fan ûnderwiis ree om de Diwan-skoallen strukturele stipe te jaan, mar de rjochter ferbea dat, om’t de skoallen net Frânstalich genôch wiene. Sûnt dy tiid hottefylje de Diwan-skoallen en it Frânske ministearje fan ûnderwiis oer reguliere stipe. Sûnt 2017 liket it sa min mei de sinteraasje dat de skoallen faai binne. De regionale oerheden yn Bretagne hawwe doe oanbean om de skoallen te stypjen, mar it skoalbestjoer is bang dat de nije ûnderwiiswet dy stipe ûnmooglik makket.

maaie 29, 2019 17:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.