Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 27

maaie 30, 2019 11:39

Hûs fan it gas ôf? Kom nei de Reuzedei

 

Kollum

Tsien jier lyn… It wie de ûndernimemrsferiening fan Akkrum dy’t de earste triuw joech. Wolle jimme in iepeningsdei foar it wettersportseizoen organisearje? Akkrum koe dochs net benefter bliuwe by Grou en Terherne? Sa gie in wurkgroep oan ’e slach en ik mocht dêryn meitinke. Dan giet it ferkeard…, want it iennige dêr’t ik wat fan ôfwit is duorsumheid. En sa ûntstie al gau it idee om der allegear tema’s om duorsumheid hinne oan fêst te knoopjen:duorsum iten, sinneboaten, elektryske auto’s, de Duorsume Akkrumer en de lêzingen yn de Gruttsjerke as start fan de dei.

Foar in jûnsprogramma mei wetteraktiviteiten waard it muzykwetterspektakel betocht: konserten by it wetter lâns, allinne mar te besytsjen mei boatsjes yn de kearn fan it doarp. Dat hawwe we witten! In gruttere gesellige wettergaos kin men jiun net foarstelle. In moaie oanfolling op de feestlike dei dy’t pas echt ôfsletten wurdt op de Frisian Queen mei in protte bier en muzyk.

De dei set altyd útein mei in ferneamde sprekker yn tsjerke. Dit jier binne der sels twa: Ferd Crone, boargemaster fan Ljouwert enHenk Achterbosch, de Fryske arsjitekt, ferneamd om syn duorsume kreaasjes yn binne- en bûtenlân. Foar boargemaster Crone is it syn earste speech yn Akkrum, foar ús is it hast rûtine.

Hûs fan it gas ôf
Om healwei twaen en healwe trijen by Cor Oosterhoff Wenningynrjochting: harkje en sjoch nei twa húseigeners dy’t it al dien hawwe. Hoe? Mei wa? Wat hat it koste? Yn in healoere komt men alles te witten.

De Enerzjywacht lit yn syn kream yn de Kanadeeskestrjitte sjen wat in wetterpomp en ynfrareadferwaarming binne. Tieluk komt mei syn wetterstofynstallaasje foar gebouwen.

Wetterstof út stroom
Foar it earst kinne we it sjen litte: it enerzjybankje en de saneamde SmartFlower, de sinneynstallaasje dy’t krekt as in plant mei de sinne draait.

Sjoch om ien oere nei de sinneboatrace, want safolle sinneboaten hawwe noch nearne op ’e wrâld byinoar west!

maaie 30, 2019 11:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.