Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 26

maaie 1, 2019 07:00

Kollum

De wyn derûnder

Nim in krante fan de lêste fjouwer wiken en jo komme se tsjin: berjochten oer it klimaat. Giet it net oer de sinneparken of elektryske auto’s, dan wol oer de provinsjale koälysjeûnderhannelingen, dy’t wynmûnen by doarpen wer romte jaan wolle…, sa’t it liket.

Klimaat stiet op de aginda. In soad aginda’s. Ik krij der nochal wat fan mei. Koartlyn mocht ik fiif kear yn ien wike op gearkomsten oer de Fryske ûntwikkelingen fertelle. En dat binne der aardich wat.

It begûn de freeds yn Wolvegea, dêr’t hûndert leden fan Bouwend Nederland út Fryslân witte woene wat harren de kommende tsien jier te wachtsjen stiet. En dat is in protte: yn besteande likegoed as yn nijbou is der al folop feroaring. In soad eigeners litte bygelyks harren hûs fan it gas ôfslute. In moai foarbyld fan mei-inoar opwurkjen fan de bou en de ynstallaasjewrâld. Se kinne it net sûnderinoar.

De moandeis hiene wy yn Akkrum gearkomste fan de Reuzedei. Sneon 1 juny is it safier. Wy hawwe in prachtich programma: alles op it mêd fan enerzjy en wenningen is te sjen en komt te praat. Harkje nei sprekkers dy’t harren hûs al fossylfrij hawwe? It kin op 1 juny. Ride yn fossylfrij reau? Alles is der, lykas de grutste sinneboatrace dy’t ea holden is.

Dêrnei mocht ik yn Dokkum it nije enerzjykafee fan Elkenien Grien iepenje. Sechstich entûsjaste Dokkumers wolle de stêd foar 2030 enerzjyneutraal meitsje. In prachtige middei mei tige aktive minsken dy’t de gemeente helpe wolle om dat foarinoar te krijen.

En de woansdeis? Aldeboarn en Grou hiene beide in enerzjyjûn foar bewenners. Sels wie ik yn Aldeboarn neidat it bestjoer fan de enerzjykoöperaasje foar tritich oanwêzigen alle aksjes foar it doarp taljochte hie. Yn alle wiken ien foar ien besjen wat der mei de bewenners opset wurde kin. De Wynhoeke is it earst oan bar.

Yn Grou hawwe studinten in plan makke foar Grou-enerzjyneutraal. Geweldich hoe’t dy jongelju dat oanpakt hawwe. Foar altyd besmet mei it duorsumheidsfirus.

Akkrum sit ek net stil. Tritich Akkrumers hawwe de wyks dêrfoar mei de gemeente ‘ûntdutsen’ wat nedich is om Akkrum selsredsum te meitsjen. As de provinsje no ris (lytsere) wynmûnen wer tastean soe, dan waard it in stik makliker. It wurd dúdlik dat sinnepanielen net echt handich binne: in soad enerzjy yn ’e simmer en in bytsje yn ’e winter. Wyn- en sinne-enerzjy mei-inoar, dat is in folle bettere kar foar in evenredige enerzjyfoarsjenning.

Fryslân telt op it stuit fyftich doarpen mei in enerzjykoöperaasje; ein dit jier sille dat sechstich wêze. Oeral ûntsteane aktive groepkes minsken dy’t de skouders ûnder de nije enerzjyoplossingen sette wolle. En dat komt goed út, want oer in pear jier moat de Provinsje in plan by it Ryk ynleverje. Dêr moat yn stean hoe’t de Provinsje yn ’e mande mei gemeenten, wenningboukorporaasjes en Alliander, it netwurkbedriuw, 49% CO2 besparje wol. Dat kin net sûnder de sympaty fan de bewenners fan Fryslân. Alles begjin mei mear kennis en it mei-inoar meitsjen fan plannen.

It wurdt in moai jier foar Fryslân. Ienfâldich is it net, mar mei-inoar kinne wy hjir it foarbyld foar Nederlân wêze. Kinne? Temûk binne wy it al! Fryslân hat de wyn derûnder!

Bouwe de Boer is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.
maaie 1, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.