Bou wytsingskip foar grutte wytsingútstalling

maaie 4, 2019 09:53

It Frysk Museum en ROC Friese Poort binne in gearwurking oangien foar de grutte wytsingútstalling dy’t it museum fan 19 oktober 2019 ôf presintearret. Fiif studinten fan de ôfdieling bou & ynfra en maritime technyk bouwe op de opliedingswerf yn Snits spesjaal foar it museum in libbensgrut wytsingskip. It skip is yn ’e hjerst ien fan de blikfangers fan de útstalling. De studinten wurkje tsien moanne lang oan it fyftjin meter lange skip. De útstalling mei it skip is fan 19 oktober 2019 o/m 15 maart 2020 te sjen yn it Frysk Museum yn Ljouwert.

Foto: pixabay.com

Tradisjonele bou
Under begelieding fan dosinten binne de studinten fan de opliedings meubelmakker/(skips)ynterieurbouwer en maritime technyk sûnt desimber drok dwaande mei it meitsjen fan in Frysk wytsingskip. Dêr’t se normaal wend binne mei moderne techniken en metaal te wurkjen, meitsje se no in tradisjoneel fartúch mei ikehout en koperen klinkneils. Hja krije dêrby stipe fan Bein Brandsma fan Jachtwerf Brandsma yn Stynsgea, spesjalisearre yn de bou fan houten skippen.

Gearwurking
De studinten bouwe it wytsingskip ûnder begelieding fan dosinten en bedriuwen. Foar it meitsjen fan it bouskip krigen se ynformaasje en tekeningen fan Søren Nielsen fan it Vikingeskibs Museet yn Roskilde, dêr’t ek ferskate brûklienen foar de útstalling wei komme. Nielsen bout yn Denemarken tradisjonele wytsingskippen en kaam yn desimber foar in gastles nei ROC Friese Poort yn Snits. Museumdirekteur Kris Callens: “De gearwurking past yn ús ynspanning om mear te betsjutten foar de grutte groep learlingen yn it mbû. Fakminsken binne nammentlik essinsjeel foar ús maatskippij. Moai dat it museum in ynspiraasjeboarne foar de studinten is om bysûndere dingen te meitsjen.”

maaie 4, 2019 09:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.