Bou Kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert

maaie 21, 2019 10:03

It eardere stedhûs fan Boalsert (foto: Wikipedia/Udo Ockema – lisinsje CC BY 3.0)

Woansdei 22 maaie sil yn it eardere stedhûs fan Boalsert bekend makke wurde hokker boubedriuw it kultuerhistorysk sintrum De Tiid bouwe sil. De bou-oerienkomst mei de oannimmer sil út namme fan gemeente Súdwest-Fryslân tekene wurde troch boargemaster Jannewietske de Vries en wethouder Stella van Gent. Dêrnei stelt de oannimmer himsels foar en jout er in taljochting op de mânske ferbouwing fan it stedhûs, dat ien fan de belangrykste monuminten yn Fryslân is..

Yn De Tiid sil de skiednis sichtber en taastber makke wurde. Yn it sintrum sille de biblioteek, trij Boalserter musea, it gemeentelijk argyf, in hoarekagelegenheid, in gehoarseal en in gemeenteloket húsfêste wurde. De nije romte en it stedhûs wurde mei-inoar ferbûn troch in publyksromte, dêr’t in part fan – de Nije Waach – de foarm fan in atrium kriget. Dy jout romte oan sa’n hûndert minsken. Dat moat yn de jûnsoeren in moetingsplak wurde foar bygelyks lêzingen, temagearkomsten, útstallingen, edukative en oare kulturele programma’s.

 

 

 

maaie 21, 2019 10:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.