Bije- en ynsektemerk Park Hûs Olterterp

maaie 10, 2019 15:51

Bij (foto Museum Opsterlân)

Snein 19 maaie wurdt yn it ramt fan de ‘World Bee Day’ in bije- en ynsektemerk by Park Hûs Olterterp holden. Fan tsienen oant fjouweren binne der aktiviteiten foar jong en âld. Elkenien wit dat it net goed giet mei de bij, mar der binne noch hiel wat fragen. Dêr krije de besikers antwurd op by de ferskillende diskes mei professionals en minsken mei ûnderfining op it mêd fan bijen. It wurdt in oantreklike en learsume dei en de tagong is fergees.

World Bee Day
De minsken bewust meitsje fan it belang fan bijen en it beskermjen fan de gebieten dêr’t se libje, dat is wêrom’t de Sloveenske ymkerferiening yn 2014 World Bee Day yntrodusearre. Underwilens is dy dei útgroeid ta in ynternasjonaal evenemint dat oer de hiele wrâld stipe wurdt troch de polityk. Yn Nederlân is de koördinaasje yn hannen fan de Stichting Bijenvrienden en de Bijenstichting. De bije- en ynsektemerk yn Olterterp is ien fan alle aktiviteiten dy’t organisearre wurde. Dy wurdt mooglik makke troch de wurkgroep ‘Opkomme foar de bij’ fan ’e Sweach, Jan Willem van Kruijssen (Silence of the Bees) en natuerorganisaasje It Fryske Gea.

“Too bee or Not to Bee”
Dat it net goed giet mei de bij is bekend, mar it libben fan de wylde bij is faak noch net bekend. Hokker soarten komme hjir foar? Stekke se? Wat is it ferskil mei in ealjebij en in huningbij? Wat kin men dwaan om de bij te helpen? Hokker planten binne goed en hokker krekt net? Wat is nedich foar in goed bijehotel? En hoe bijefreonlik is myn eigen tún? Allegear fragen dêr’t antwurd op jûn wurdt op 19 maaie. De oanwêzige profesjonals en saakkundigen diele harren kennis graach! Der kin ek geniete wurde fan in hapke en in drankje, harpmuzyk fan Marga Medema en it prachtige útsicht oer de Olterterp Park.

Aktiviteiteprogramma

  • Bijelektor Arjen Strijkstra oer ideale siedmingsels foar de tún
  • Ferskillende bijefolkfilms fersoarge troch ymker Henk Postma
  • Túnûntwerper Nienke Plantinga oer har boek Avontuurlijk tuinieren
  • Passiflora mei fêste planten, gaadlik foar it lokjen fan ynsekten
  • Flinterspesjalist Hans Bijl oer hoe sels in flinter op te kweken út in pop
  • Tsiisboer Wierda mei tsiis fan kij dy’t krûden iten (sels te priuwen)
  • Martha Natuurlijk mei ferskate huningsoarten en in priuwerij
  • Seadsboer Sjoerd Hoekstra oer biologyske duorsume lânbou en greidbuorkerij
  • Jan Falkena makker fan einekuorren
  • Itensboskbouwer Gerrit Jukema jout ynformaasje oer de itensbosk

Bern ek tige wolkom
Bern kinne har fermeitsje mei sminken, it beskilderjen fan stiennen mei ynsekten en it meitsjen fan siedbomkes. Janneke de Boer mei har bijeberneboek is der ek.
It Park is oan de Van Harinxmawei 17 yn Olterterp (dêr is ek parkeargelegenheid).

maaie 10, 2019 15:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.