Bern yn Fryslân krije minder kânsen

maaie 16, 2019 08:07

Bern yn Fryslân wurde troch harren basisskoalle gauris te leech taksearre as it giet om de kar foar it fuortset ûnderwiis. Dat is berekkene troch it Frysk Sosjaal Planburo (FSP). It FSP is it ûnôfhinklik kennisynstitút dat trends en ûntwikkelingen yn it sosjaal domein yn Fryslân yn kaart bringt, analysearret en foar in breed publyk tagonklik makket.

Meikoarten krije de bern yn groep 8 fan de basisskoallen de útslach fan de ferplichte Sintrale Eintoets. Yn febrewaris hawwe se al in skoaladvys fan de eigen master of juf krige. Sûnt 2015 waacht dat advys swier by de oergong nei it fuortset ûnderwiis. Ferline jier die bliken dat 39% fan de learlingen op grûn fan de eintoets in heger advys krige as dat fan de eigen skoalle. As it resultaat fan de Sintrale Eintoets minimaal in heal skoalnivo heger is as it skoaladvys, dan moat de learaar(es) it advys op ’e nij besjen.

Skoaladvizen yn Fryslân leger
Lanlik besjoen wie yn 2018 34% fan de skoaladvizen te leech. Mei 39% wiene de skoallen yn Fryslân dus de foarsichtige kant it neist. Dy beide persintaazjes wiene ek nochris heger as it jier dêrfoar. Gemeentlik binne der nochal grutte ferskillen. Yn it noardeasten fan de provinsje binne de measte skoaladvizen leger as dy op grûn fan de eintoets. Yn Achtkarspelen bygelyks 53%.

Minder skoaladvizen nei boppen bysteld
Nei it op ’e besjen fan de skoalavizen – omdat de eintoets better makke waard as de skoalle ferwachte hie – waard yn Fryslân yn oerlis mei de âlden 21% fan de advizen nei boppen bysteld. Yn it noardeasten barde dat minder faak. Lanlik barde dat yn 21% fan de gefallen. Nei ûnderen bystelle mei net, litte sa’t it wie mei wol.

Dat yn Fryslân legere skoaladvizen jûn wurde en dat dy minder faak bysteld wurde, kin neffens de Inspectie van het Onderwijs betsjutte dat nochal wat bern yn Fryslân net it ûnderwiis krije dat se oankinne. Der giet dus talint ferlern. It soe wêze kinne dat soks mei it opliedingsnivo fan harren âlden te krijen hat (FSP, 2018). Ut de Staat van het Onderwijs docht bliken dat bern fan âlden mei in lege oplieding faker nei in leech opliedingsnivo trochstreame. Bern mei gelikense toetsresultaten krije legere skoaladvizen, dy’t minder faak bysteld wurde. It is net útsletten dat leararen de efterstân fan de âlden ûnbewust meiwage yn harren advys en dêrtroch de bern minder kâns jouwe. It ûndersyk Kansenongelijkheid bij de overgangen POVO stipet de skoallen om de kapasiteiten en mooglikheden fan learlingen sekuer yn te skatten.

Mear ynformaasje it finen op Monitor Onderwijs fan it FSP.

 

maaie 16, 2019 08:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.