Bern It Surhústerfean yn aksje foar bijen

maaie 17, 2019 12:51

Bern fan De Bernebrêge mei op de eftergûn wethâlder Max de Haan

Fóár it bioferskaat en tsjín it útstjerren fan de bijen hawwe de bern fan groep 5 fan de kristlike basisskoalle De Bernebrêge fan It Surhústerfean de grienseamen om de skoalle hinne mei ekologysk blomsied besiedde. Wethâlder Max de Haan wie derby om de aksje te stypjen. Achtkarspelen ûndertekene as ‘bijfreonlike gemeente’ yn maart in ‘bijepakt’. Dêr steane de doelen yn dêr’t de gemeente oan wurkje  wol om it bioferskaat te ferheegjen, mei yn it belang fan de bijen.

Lykas bekend stiet it der oer de hiele wrâld net goed foar mei it bioferskaat. Dat giet te’n koste fan de bijen, dy’t krekt sa belangryk binne foar ús iten. De wethâlder achtet it belangryk dat de gemeente dêr it goede foarbyld yn jout. “Troch gewoan mear blommen en planten te siedzjen kinne wy de bijen helpe en it bioferskaat fergrutsje.” Juf Henny fynt it ek belangryk dat bern leare om it bioferskaat op peil te hâlden.

Keunstwerken
Neist it siedzjen sterane blommen ek syn sintraal yn de keunstwurken dy’t de bern fan ’e wike meitsje mei ekoline en fetkryt. Dy wurde beoardiele troch blommisten fan blommesaak Lisa. It skilderij dat wint sil in wike yn de winkel te sjen wêze.

Yn de kommende wiken wurdt in plan makke mei mear aksjes om it útsjerren fan de bijen foar te kommen.

maaie 17, 2019 12:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.