Anywhere The Wind Blows – muzyk út alle wynstreken

maaie 10, 2019 08:03

Mei de pinksterdagen, 9 en 10 juny, wurdt yn it Zuiderstrantheater yn De Haach it earste festival fan it Nederlands Blazers Ensemble (NBE) holden. Dêr is lang nei útsjoen. It is betocht troch it NBE, mar der wurdt net allinne spile troch de eigen musisy mar ek troch geweldige artysten fan fier en hein. It wurdt in feest fan kleurige, melangolyske en ferrassende klanken oer hjir en dêr, oer ûnwennigens en thús, oer kommen en gean, oer eartiids en no en oer wat de takomst bringe sil: hooplik mear fertrouwen yn it frjemde en fernuvering oer it fertroude.

It NBE, de programmeur fan it festival, hat him ynspirearje litten troch lannen om de Middellânske See hinne, fan de súdkust fan Turkije oant Marokko, om mei it festival it bûnte ferskaat fan lûden en minsken te fieren en te ferbinen en om fertrouwen te bouwen.
Artistyk lieder Bart Schneemann, is fan betinken dat it mear as ea tiid is om it net allinne te sizzen, mar om it ek te dwaan: “Nei-inoar harkje mei iepen earms. Tiid om jin aloan wer oerinoar te fernuverjen, mar om de ferskillen ek mei-inoar te fieren. Mei de earste edysje fan Anywhere The Wind Blows is der muzyk én publyk út alle wynstreken.” Soks hat dan ek alles te krijen mei it kristlike Pinksterfeest.

It festival spilet him ôf yn it teater en dêrom hinne op alderhande poadiums. It folsleine programma is te zien op www.anywherethewindblows.nl.

It festival is in aktiviteit fan Stichting Dans- en Muziekcentrum Den Haag, Zuiderstrandtheater en Nederlands Blazers Ensemble en it wurdt stipe troch de Gemeente Den Haag, Stichting Dioraphte en it Fonds Podiumkunsten.
maaie 10, 2019 08:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.