Amerikanen wolle binnen fiif jier nei de moanne

maaie 16, 2019 08:56 Fernijd

De Amerikanen wolle in stik flugger nei de moanne werom as oant no ta it plan wie. Earder waard útgien fan it jier 2028, mar fisepresidint Mike Pence hat koartlyn yn in taspraak sein dat it yn minder as fiif jier barre moat. Om dat te berikken moatte der miljarden dollars ynvestearre wurde. Pence seit dat it tiid wurdt foar in giant leap, ferwizend nei de histoaryske wurden fan Neil Armstrong doe’t er yn 1969 as earste persoan foet op ’e moanne sette.

SLS-raket (foto: Wikipedia/NASA-MSFC – publyk domein)

De lêste kear dat in minske op ’e moanne lâne wie op 11 desimber 1972. Yn 2005 kaam NASA ûnder presidint Bush mei nije plannen om yn 2018 bemanne moannelânings út te fieren en der in permaninte basis te bouwen. Obama remme dat plan ôf, want hy woe him op Mars rjochtsje. Under Trump binne dy ambysjes wer omdraaid.

It bedriuw fan Elon Musk, SpaceX, is de lêste jierren drok dwaande mei it ûntwikkeljen fan de moanneraket Starship. NASA rjochtet him ûnderwilens op it ûntwikkeljen fan de SLS-raket dy’t de astronauten nei de moanne lansearje moat. De nije raket sil nei alle gedachten yn 2020 of 2021 foar it earst lansearre wurde.

Amazon-baas Jeff Bezos wol ek nei de moanne mei syn romtefeartbedriuw Blue Origin. Ferline wike fertelde er oer syn plan. Mei de lâner Blue Moon dy’t er presintearre, wol er yn 2024 op ’e moanne lânje. Bezos liet yn it Washington Convention Center in proefmodel fan de Blue Moon sjen, dy’t ûntwurpen is om astronauten, reau en oare grutte ladingen nei de moanne te bringen. Yn totaal soe er mei 6,5 ton oan fracht op it moanne-oerflak lâne kinne moatte. Bezos seit mei klam dat syn bedriuw klear is om de Amerikaanske oerheid te helpen om it nije, ambisjeuze doel te heljen. Hy sjocht it as in wichtige missy om in minsklike beskaving yn ’e romte op te bouwen.

maaie 16, 2019 08:56 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.