Acht Fryske organisaasjes nei Rijeka2020

maaie 24, 2019 07:22

LF2028 hofleveransier Europeeske moetingswike

Acht kulturele organisaasjes út Fryslân dogge mei oan in ynternasjonaal útwikselingsprogramma yn Rijeka (Kroaasje). Op útnûging fan Tandem Cultural Capitals beprate tritich organisaasjes út acht European Capitals of Culture (ECoC) nije projektplannen. Ljouwert-Fryslân 2028 is de iennige dielnimmer dy’t al Kulturele Haadstêd fan Europa west hat; de oare stêden moatte it noch wurde.

Yn Rijeka, de tredde stêd fan Kroaasje en takom jier mei it Ierske Galway Kulturele Haadstêd fan Europa, komme de ferskillende organisaasjes fan 10 oant en mei 14 juny mei-inoar yn ’e kunde. Dy moetings sille útfloeie yn konkrete projektplannen dy’t yn novimber yn Ljouwert presintearre wurde. “Men moat de gearkomste yn Rijeka dêrom sjen as in soart fan date, mar dan sûnder it tútsjen”, seit Jenneken Aarssen fan European Cultural Foundation. “De organisaasjes leare inoar earst goed kennen. Se krije fan ús in reisbudzjet, sadat se inoar yn oanrin nei de slotbyienkomst yn elts gefal twa kear moetsje kinne.”

De Fryske delegaasje bestiet út stifting VHDG, Brave New World produksjes, Mooiedingenmakers, Nachtkijkers Filmfestival, New Noardic Waves, City Proms, Frysk Strjitfestival en Keunstwurk/KEK2. “Ik bin tige bliid mei de gearstalling én grutte fan ús delegaasje”, seit Sjoerd Bootsma fan LF2028. “Kennis útwikselje mei oare Europeeske regio’s en kultueren is fan grutte tafoege wearde foar jins eigen projekt. Ynternasjonaal gearwurkje ferbredet jins kime, kin in fikse boost foar it selsbetrouwen opleverje en is boppedat wichtich om’t we mei Fryslân yn it Europeeske netwurk aktyf bliuwe.”

Sûnt 2017 levere Tandem Fryslân, yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018, al ferskate útwikselings op. Musisy fan De Popfabriek spilen bygelyks yn de Oekraïne en Poadium Asteriks wiksele muzikanten en produsinten út mei Kroaasje.

maaie 24, 2019 07:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.