Aant Mulder: Tussen dut en dat is ôk nag wat!

maaie 28, 2019 07:25

Kollum

It is al wer in pear wiken lyn dat we in moai lang wykein yn Noard-Hollân, en om krekt te wêzen, yn West-Fryslân taholden ha. Hoewol’t it net in omlânske reis wie, wiene we wol skoften ûnderweis. It kin sa moaie wêze, in streekrjochte ferbining fan 32 kilometer en jo binne der, mar de files en de iepensteande slûzen en brêgen foar it boatsjefolk makken dat alles aardich langer duorre. De eardere Sudersee, no de Iselmar mei Ofslútdyk, hat fan gefolgen dat we ús grif mear op it easten as op it westen oriïntearje. Dat moat net, wit ik no. Ik sil útlizze wêrom’t dat net moat.

Dat West-Fryslân en dy West-Friezen, dat is en bliuwt in nuver ferhaal.

Dy oriïntaasje op it easten en noarden wol ik earst mar efkes beneame. It is ommers wer tiid foar it saneamde Friesendroapen, dat dit wykein, fan freed 24 maaie oant en mei snein 26 maaie, op Hilgelân holden waard. Dat is in moeting tusken Friezen dy’t om de trije jier holden wurdt. De Ynterfryske Rie hat in grut oanpart yn de organisaasje fan dat festival, dêr’t alle kearen weroan in protte belangstelling út de trije Fryslannen wei foar bestiet. Wat letter, de tiisdeis nei Pinkster, 11 juny dus, wurdt de tradisjonele Pinkstertrijegearkomste by de Upstalbeam yn Auwerk (Aurich) holden. Dêr dogge ek Friezen út de trije Fryslannen oan mei. Dy jierlikse ynterfryske gearkomste by de Upstalbeam wurdt organisearre troch it Friesisches Forum, dat noed stiet foar it Sealtersk. De neamde organisaasjes hâlde dy beide aktiviteiten foar de Friezen út West-Fryslân, Sealterlân en Noard-Fryslân. Dat West-Fryslân en dy West-Friezen, dat is en bliuwt in nuver ferhaal. Dêr wurde wy ornaris mei bedoeld, mar dat doocht fansels net. De West-Friezen, dêr moatte we de Ofslútdyk foar oer nei de kop fan Noard-Hollân ta. Dêre wenje se! Wy binne Westerlauwerske Friezen, mar dat is in hiel mûlfol. Wat dat oanbelanget soene we ús better Mid- of Middenfriezen neame kinne. De echte West-Friezen, dy dogge better net te witten hielendal net mei. Wy sjogge nei alle gedachten dy kant, de kant fan de Hollanners, leaver net út. Dat moat oars.

Suderseemuseum Inkhuzen (foto Aant Mulder)

Dy echte West-Friezen, oare kant de Iselmar dus, dêr wol ik it oer ha. Dy dogge net mei. Dy prate gjin Frysk mear, dat binne gjin Friezen mear ha ’k altyd begrepen. Dat is likegoed nuver. Ik hie der nea sa by stilstien, mar doe’t ik yn dat wykein yn ‘Schagen’ kaam, foelen de skilen my fan de eagen. Sy hiene it dêre net oer ‘Schagen’ mar oer Skagen. Dat makke foar my fan dy stêd ynienen in Fryske stêd. Dy begjinbylûden, dat binne ommers gewoan Fryske bylûden. Fan dat stuit ôf reitsje ik dat witten net mear kwyt. Ik bin benijd om te sjen oft der mear fan sokke nammen en wurden binne. Wat is it ynternet dan in moaie útkomst! Ik fyn rillegau wurden as: skoâl (skoalle), skoân (skjin), skoffel, skip. It makket my nijsgjirrich nei oare typysk Fryske begjinkloften sa’t wy dy ha yn: freonlik, frjemd, tsiis, tsjerke. Dan fyn ik: tjerk en tjerke (meartal), tjerkebuur (tsjerkebuert). Dat falt wat ôf. Ik sykje lykwols fierder en dan falt wer op dat West-Fryske wurdsjes gauris mei in f en net mei in v begjinne: fan, fekansie, ferdield, ferskil, fisk, fiskerman, fortgeane. Guon wurden begjinne lykwols mei in v, mar dat lykje my wol minder ta: vertellinkies, vriende. Dat is mei de s en z net oars: Yn guon gefallen kinne allebeide: selle-zelle (beide, sâlt), (swiep-zweep) (beide) en mei in s: sitte, side, sûd-suud, swaal (swel), sweach, swimme.

Dat oer de begjinbylûden, mar der is folle mear! Sels de tiidwurdefolchoarder is yn guon gefallen krekt as dy by ús. ‘Ik hew moin huis skulderen leiten’ is in moai foarbyld. Oare: Die lucht die koikt asof ie katte spaaie wil (spuie wol). De sleip effies deur je heen gaan leite, Ze heb de aker in de bak valle late (swier foar it trouwen). En no ’t ik dochs oer de tiidwurden ha, Dy tiidwurden ha gauris gjin n oan ’e ein of sy ha beide mooglikheden: eamele, fortgeane, sitte, swimme. Mulwurden krije ornaris gjin ge-: blust, brieden, kocht, kregen, skikt. Folle Frysker kin it net, soe ’k sizze.

Likegoed is it West-Frysk folle Frysker as we tinke.

Fierder kom ik in grut ferskaat oan wurden tsjin dy’t yn it West-Frysk en it Frysk gelyk binne. In pear foarbylden: algedurig, beppe, dalje, dampich, wask, diggelegoed, It betsjut dus dat yn it West-Frysk net allinne Hollânske skaaimerken, mar ek typysk Fryske foarkomme. It West-Frysk is Frysker as ik tocht hie. No’t ik my der wat yn ferdjipje, fernuveret my dat net mear. Ik wit ommers dat de West-Fryske dialekten foar in part ek wer weromgeane op it Ingveoansk, dus fan Frysk komôf binne en dat se oerienkomsten ha mei de Fryske dialekten lykas it Biltsk en it Stedfrysk. Sykjendewei kom ik ek artikels en haadstikken út boeken tsjin fan Eric Hoekstra ‘Over de implicaties van enkele morfo-syntactische eigenaardigheden in West Friese dialekten’ dat dus oer wurden en sinnen giet, en ‘Oer de oerienkomsten tusken de dialekten fan Noard-Hollân en it Frysk’. Ut dy taalkundige argumintaasje wurdt dúdlik dat it Noard-Hollânsk net inkeld besibbe is oan it Nederlânsk mar ek oan it Frysk.

It West-Fryske lânskip (foto Aant Mulder)

Wa’t my net leauwe wol, moat Erick Hoekstra der mar op neilêze. Ik bedoel de taalkundich meiwurker fan de Fryske Akademy dy’t yn de njoggentiger jierren doe’t er noch foar it Meertens Instituut wurke, in protte oan dialektûndersyk die, mar him no mear dwaande hâldt mei de Fryske grammatika. No wol ik der wol mei rekkenje dat wat ik fûn ha wol wat efterhelle wêze kin, dat de ynfloed fan it Hollânsk allinne mar grutter en dy fan it Frysk lytser wurden is. Likegoed is it West-Frysk folle Frysker as we tinke. Wy soene dêrom net allinne nei it easten en noarden sjen moatte, mar ek en folle mear nei it westen, nei West-Fryslân oare kant de Iselmar. Dy West-Friezen soene ek meidwaan moatte oan Friesen-droapen en Pinkstertrijegearkomste, want: ‘Tussen dut en dat is ôk nag wat!’

Hawar, twa jier lynis dêr in begjin mei makke. Doe hat de Jongfryske Mienskip (10 juny 2017) yn ’e mande mei it West-Frysk Genoatskip in Friezedei yn West-Fryslân organisearre. Sjoch https://www.itnijs.frl/2017/04/fryske-dei-2017west-fryslan/

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 25 maaie yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

maaie 28, 2019 07:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.