Aant Mulder: Tank, mar sûnder skobben bin ik net

maaie 7, 2019 07:00

Okkerwyks hie ik it yn in kollum oer wurden dy’t we net folle mear brûke en dat betsjuttingen fan datsoarte fan wurden maklik feroarje kinne. Ik frege doe oan de harkers en lêzers, oan jimme dus, oft jimme ek sokke foarbylden witte. Dêr kaam reaksje op. Dêr bin ik fergulde mei. Dat jildt eins altyd foar de reaksjes op myn stikjes. Dat dizze kollum is wat my oanbelanget tagelyk in moaie mooglikheid om jimme ris foar jimme reaksjes te betankjen. Net dat der in protte lêzers en harkers reagearje, dat net, mar dat hoecht ek net. It binne der likegoed alle kearen wol in stikmannich.Tagelyk is it aardich om te sjen dat ek guon fan jimme faker wat fan myn stikjes fine.

Ik wit dat we yn in tiid libje dat it eins allegearre koarter moat.

De kollum kin beharke wurde (Omrop Spannenburch)

Geandewei ûntstiet der sa suver wat fan in fêste rûnte fan folgers. Folgers om Radio Spannenburch hinne, om It Nijs hinne, om Facebook en Twitter hinne. Wat dy lêste twa oanbelanget behein ik my ta freonen. Dat fyn ik moai genôch. Hoe’t jimme my ek folgje, ik wol jimme dus betankje foar it feit dat jimme dat dogge. Ik wol jimme ek betankje foar hoe’t jimme dat dogge. De reaksjes geane ornaris oer de taal en de ynhâld fan de stikjes en dat fyn ik moai. Fan en ta wurd ik op guon dingen wiisd dy’t net hielendal doge, net folslein binne of dat it wol wer in hiel ferhaal is. Jimme ha ornaris gelyk, benammen as it om it tal wurden giet. Ik wit dat myn kollums de lange kant it neist binne. Ik sit samar op mear as tûzen wurden en dat is hjoed-de-dei eins te folle. Likegoed is it ek yn langere kollums as dy fan my, jimme kinne it leauwe of net, net mooglik om altyd alles te beneamen. Dat betsjut dat ik my likegoed beheine moat, dingen weilitte moat, net folslein wêze kin. Dat gefoel ha ik alteast.

Ik wit dat we yn in tiid libje dat it eins allegearre koarter moat. Dat krij ik dus gauris te hearren en net allinne as it om de kollums giet. Koarter! Dat kin fansels. Mar hoe koarter de stikken wurde, hoe minder romte der foar nuânsen is. Dêr sit him no krekt de oast. Ik hâld fan de nuânse. Dêrta brûk ik graach wurden en as it moat in pear mear om foar te kommen dat ik oaren gjin rjocht doch. Kollega’s dy’t besykje om de dingen yn hieltyd minder tiid te sizzen en dus yn hieltyd minder wurden, sykje om wurden dy’t net ferkeard begrepen wurde kinne en reitsje sa dy nuânse maklik kwyt. Dat kin net oars. It sil wol net sa wêze, mar ik ha gauris it gefoel dat it dan minder aardige wurden binne, dat it hast skeldwurden wurde. De toan fan datsoarte fan koarte stikken wurdt der yn alle gefallen net aardiger op. Datselde jildt foar de reaksjes. Dat wurde suver stik foar stik gjalpen, dêr’t net ien folle wizer fan wurdt. De iene opmerking jaget de oare ornaris. Om’t yn ’t foar wol dúdlik is dat meidoggers oan sa’n soarte fan diskusje it dochs net iens wurde, wurdt de kâns grutter dat op de persoan spile wurdt. Dat bart, hieltyd faker! Sels It Nijs ûntkomt der in inkelde kear net oan. Soks hoecht om my net. Jimme dogge dat ek net as it om myn kollums giet. Dêr bin ik mei ynnommen. Ik genietsje fan jimme reaksjes, jimme ferhalen en jimme besteklik praat.

Op ’e skobberdebonk libje of rinne:
altyd fan in oar profitearje, nea sels betelje.

De kollum kin lêzen wurde (It Nijs)

Sa no en dan besykje ik om fia Twitter, Facebook of fia de mail te reagearjen. Dat soe ek op It Nijs kinne, mar dat lit ik ornaris mar gewurde, om’t sokke reaksjes neffens my te algemien en dus net persoanlik genôch wêze kinne. Dat hat makke dat ik al earder tocht dat it wol aardich wêze soe en beneam soks ris yn in kollum. Dat like my no in gaadlik momint ta om’t ik, sa’t ik al sei, oproppen ha om te reagearjen. Myn kollum oer strunen, slinen en hofkesjongen late ta in mail fan ien fan jimme mei as ôfslutende opmerking: ‘Wat slyt in taal’. Dy neamde wurden as skobbe, skobbejak en skobberdebonk as foarbylden. Der stiene mear wurden yn dy mail, mar ik behein my mar ta dy trije, om’t dy wat mei-inoar te krijen ha. De man hat gelyk. Dy wurden reitsje yn it ferjittersboek. Likegoed steane yn it wurdboek wol sa’n fyftjin foarmen dy’t mei skobbe, skobbejak en skobberdebonk te krijen ha.

It wurd skobbe hat sa’n trije betsjuttingen: in lyts tin en wat hurdich dieltsje oan ’e hûd fan minsken, bisten of planten, in tin plaatsje dat de hûd fan fisken en guon oare bisten bedekt, in bosk byinoar bûn strie. Fierder sykjend kom ik ek noch telâne by: ‘hielendal neat’ en de siswize ‘Net sûnder skobben wêze’. Dy siswize betsjut flaters meitsje, ferkearde dingen dwaan. Betsjuttingen as dy fan skobbejak, skobberdebonk en al dy oare foarmen lykje wol aardich dúdlik. Likegoed ha we te krijen mei in ferskaat oan betsjuttingen oangeande earmoede, smjunten en sa noch wol in pear dingen. Soene we dat allegearre noch witte? Nijsgjirrich, mar foar’t ik fierder gean wol ik earst opmerke dat, hoewol’t dy wurden Frysk oanfiele, yn alle gefallen foar myn e-mailskriuwer, wol sein wurde moat dat skobberdebonk as ‘schobberdebonk’ en ‘schobberbonk’ ek gewoan yn it Nederlânske wurdboek steane. It tal foarmen is yn it Frysk lykwols wol folle grutter. Tink oan: skobber, skobbich en skobberich as it allegearre like earmoedich is. De oare kant fan it ferhaal is dat dy wurden ek samar de kant op geane fan smjunt, skarlún: dat begjint al mei skobbejak, mar it jildt ek foar: skobbich, skobberich en skobbert.

Ik slút ôf mei in pear mooglikheden om datsoarte fan wurdsjes yn fêste útdrukkingen te brûken. Op ’e skobberdebonk libje of rinne: altyd fan in oar profitearje, nea sels betelje. We ha ek tiidwurden, lykas skobberje (op oaren tarre) en skobje (skobben kwytreitsje, jinsels rêde kinne). Skobje betsjut ek: ûnfoech en roppich ite, earne bylâns skjirje om jokte te ferdriuwen of om’t it gewoan noflik fielt. Dêr heart de siswize ‘Jinsels skobje kinne’ fansels by. Dat betsjut jinsels finansjeel rêde kinne. En dat ik net sûnder skobben bin, betsjut dus dat ik flaters meitsje. No sa!

De foto’s binne fan Aant Mulder. Foto thússide: De ‘kollumnist’ efter de mikrofoan fan Omrop Spannenburch

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 4 maaie yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

 

maaie 7, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jabik maaie 7, 18:53

    Bêste Aant,
    Yn dyn stikje seist in pear kear: “ik wol jimme betankje”, mar komst der net oan ta. Werom net streekrjocht “ik betankje jimme foar….”. Dûmny’s dogge dat ek graach. Se wolle har god foar fan alles en noch wat betankje mar it bliuwt meastal by it foarnimmen.
    Dochs bliuwe dyn kollums altyd nijsgjirrich en dêr betankje ik dy foar.

  2. jangerben maaie 9, 11:22

    Troch dat ik in soad yn âlde Fryske tiidskriften omblêdsj, kom ik in protte wurden tsjin dy’t no net mear brûkt wurde.Ik soe se ris opskriuwe moatte.It wurd skobje die my tinke oan in direkteur fan de molkfabryk yn myn wenplak dy’t altiten stie te skobjen, krekt al giene him de rillings oer de rêch.Dy man hat fêst lêst fan flieën waart der al gau sein.Foarige wike kaam ik by de supermarkt en dêr stie by de yngong yn noflki mei de rêch tsjin in steunpeal fan de luifel te skobjen, Dêr moat ik dan stikem om gnize..

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.