Aant Mulder: Slûge soe ek!

maaie 21, 2019 07:00

Kollum

Fan Friezen wurdt wolris sein, dat se sizze wat se dogge en dat se dogge wat se sizze. Ik wit net oft dat wol hielendal wier is. Likegoed soe men dat fan tinken wol ha kinne as men nei de tiidwurden sjocht. Mei tiidwurden bedoel ik dan yn ’t foarste plak de selsstannige tiidwurden. Dy sizze ommers wêr’t it om giet en dêr giet it by ús earst en meast om. Tink mar oan: prate, skriuwe, rinne, gean en mear. Dat binne tiidwurden mei dúdlike betsjuttingen. Wy ha fansels ek helptiidwurden, mar dat is in hiel oar ferhaal. Dy helje de dúdlike betsjuttingen fan de selsstannige tiidwurden suver wer ûnderút. Dy nuansearje omraak. Dan bedoel ik net de helptiidwurden fan tiid en fan ûndergeande foarm: hawwe, wêze en wurde. Dêr kinne we net sûnder. Wy moatte sizze kinne wat we juster diene en wat we moarn of oaremoarn dogge. Nee, ik tink oan de modale helptiidwurden lykas meie, kinne, wolle, sille, dat soarte fan helptiidwurden.

Ik wit noch wol dat we by ús thús oan selsstannige tiidwurden en de neamde trije helptiidwurden eins wol genôch hiene. It wie ornaris: Rin of fyts mar nei skoalle ta of: Ik bin nei skoalle ta rûn of fytst. En net: soest, kinst, wolst, meist nei skoalle ta rinne of fytse. Dat soarte fan omskriuwingen wiene ornaris net oan ’e oarder. No wol ik net beweare dat al dy oare helptiidwurden hielendal net brûkt waarden, mar mei ien sa’n helptiidwurd hold it ornaris wol op. Foarbylden: Ik doch dat wol, of: Ik wol dat wol dwaan. Ik boartsje mei de buorjonge, of: Ik mei wol mei de buorjonge boartsje. By in selsstannich tiidwurd mei twa helptiidwurden of mear wurde de bedoelingen der net dúdliker op, wylst it tagelyk lestiger wurdt om dy tiidwurden yn de goede folchoarder te setten. Trije tiidwurden, dat wurdt sadwaande in hiel o-heden. Wy meitsje dan gauris flaters. It docht nammers ek suver minder Frysk oan. Wat moatte we mei sinnen as: Sy binne fan betinken, dat er dat better oars sizze moatten ha koe. Dat kin wol ta mei: Hie er dat mar oars sein. Noch in oar foarbyld: Freegje my net hoe’t se dat noch winne kinne moatte. Dat kin fansels ek folle koarter: Freegje my net hoe’t se dat noch winne. Helptiidwurden! Lit dy mar safolle mooglik fuort!

‘Slûge soe ek, mar hy stoar earder’

Hoe moat it as we dochs in pear tiidwurden brûke wolle? Ik jou in foarbyld fan in sin mei fjouwer tiidwurden: kinne, moatte, hawwe, dwaan. De persoansfoarm yn de haadsin komt altyd earst en dan wurdt it selsstannige tiidwurd yn de tiidwurdekloft fan de trije tiidwurden efteroan it earst neamd. De helptiidwurden folgje. Dus: Ik ha dat dwaan kinne moatten of: Ik ha dat dwaan moatte kinnen? Dy lêste twa helptiidwurden soargje foar swierrichheden. Dêr blykt wol wer út dat we soks net folle dogge. Benammen it brûken fan it helptiidwurd sille yn: Ik soe wol wolle, Ik soe dat wol dwaan kinnen ha, is dêre in moai foarbyld fan. Dat rôp by ús thús hast altyd wol in reaksje op. Sa fan: ‘Wêrom hast it dan net dien?‘ Ik soe wol nei skoalle ta rinne kinne, wie in oar foarbyld. ‘Doch dat dan’, en sa fierder. It waard noch faker ôfdien mei in sechje. As ik sei, dat ik dat dwaan soe, dan sei ús heit of mem gauris: ‘Slûge soe ek, mar hy stoar earder’. Dy reaksje wie net posityf bedoeld, dat sil dúdlik wêze. It wie bedoeld om sokke sinnen ôf te learen. It brûken fan dat helptiidwurd wie dus gjin trewes. Sa’n soarte fan sechje wie der ek oer de helptiidwurden kinne en wolle. Dat rôp gauris de reaksje op fan: Kin net leit op it tsjerkhôf, en wol net leit der neist. Wol sit op it skiep en it jaar hinget derûnder, of: Wollen sit yn ’e stôk, op ’e biezemstôk.

Ien ding is dúdlik, al dy tiidwurden, dat is ús net botte eigen.

De ynsjoggen feroarje in bytsje, mar it bliuwt in gedoch! Ik hâld likegoed út dat we yn it Frysk net te folle tiidwurden brûke moatte. As it mei ien ta koe, diene we dat en oars mei twa. Trije en fjouwer tiidwurden yn ien sin hearden we net faak. Neffens my is dat linkendewei feroare. Dat komt grif troch de opkommende emansipaasje fan it Frysk.Yn skreaune taal en yn amtlik taalgebrûk hat men hieltyd mear ferlet fan tiidwurden as yn de sprutsen taal. Dan moat ommers alles sa foarsichtich mooglik formulearre wurde en der moat neat sein of skreaun wurde wat net wiermakke wurde kin. Dat yn it Hollânsk mear modale helptiidwurden brûkt wurde as yn it Frysk komt grif om’t it Frysk dy tradysje fan skriuwtaal en amtlik taalgebrûk folle minder hat. It Frysk hat lang in taal west om te praten. No’t it wat mear wizânsje wurdt om ek Frysk te skriuwen, sjogge we ûngemurken wol hiel bot nei it Hollânsk. Yn Fryske kursusboeken waard altyd omraak omtinken jûn oan de tiidwurden en de folchoarder fan dy tiidwurden. Dat wie allegearre noch dêroan ta, mar dy folchoarder waard ornaris oanleard oan de hân fan de Hollânske folchoarder. Dêr ha ik nea goed oer kinnen, mar ja, sa stie it yn de kursusboeken. Wa’t betûft wie en fjouwer tiidwurden yn de goede folchoarder sette, koe wol eksamen dwaan. Dat it yn it Frysk yn ’t foarste plak giet om selsstannige tiidwurden rekke suver op de eftergrûn.

Ien ding is dúdlik, al dy tiidwurden, dat is ús net botte eigen. Wy dogge lykwols oan de tiidwurdegoarre mei. Wy fersinne ús sadwaande hieltyd faker. Ik ek! Dat waard yn de kollum fan in pear wiken ferlyn opnij dúdlik. Ik sei en skreau doe dat ik jimme betankje woe. Yn in reaksje op dy kollum ha jimme lêze kinnen, dat immen sei: Yn dyn stikje seist in pear kear: ‘Ik wol jimme betankje’, mar komst der net oan ta. Wêrom net streekrjocht: ‘Ik betankje jimme foar…’. Ik tocht dat ik dat dien hie, mar wat wolle is fansels net itselde as dat ek dwaan. Sjoch sokke reaksjes fyn ik moai. Ik betankje jimme dus foar sokke reaksjes. Ik betankje Jabik.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 18 maaie yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
maaie 21, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. mbc84 maaie 24, 13:15

    Mei’t der kwalik Frysk ûnderwiis is en mei’t it Frysk folslein ûnsichtber is, wurdt it Hollânsker en Hollânsker. En wy steane derby en sjogge der nei.
    Okkerdeis hearde ik in frommiske praten mei har heit, yn ‘e trein (oer de tillefoan). Ik soe har hast sein hawwe, praat dan mar Hollânsk want it Frysk datsto praatst, dat kin men wierwei gjin Frysk mear neame. De útspraak en de measte wurden wienen basearre op it Nederlânsk. En sa’n fanke kin it allegearre gjin reet skele, dat hiele Frysk is bysaak foar har. ‘Hobby’, sa’t wolris tsjin my sein wurden is.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.