Aant Mulder: In sear lapke

maaie 14, 2019 07:00

Kollum

Okkerdeis nei in petear oer sûnens betocht ik dat, as it oer dat soarte fan dingen giet, it Frysk gauris aardich ôfwykt fan it Hollânsk. Dat begjint al mei it beneamen fan lichemsdielen. Ik sis wolris dat as dúdlik is dat ik it oer mysels ha, dat ik dan gjin besitlike foarnamwurden brûk. Ik hoech net te sizzen dat lichemsdielen fan my, mines of minent binne as dat wol dúdlik is. Yn dy gefallen nimme we leaver persoanlike foarnamwurden en lidwurden foar kar. In pear foarbylden. As in Hollanner seit: Mijn arm is gebroken, Mijn been doet pijn, Ik heb last van mijn hoofd, dan sizze wy: Ik ha de earm stikken, De foet docht my sear, ik ha lêst fan de holle. Dat jildt nammers net allinne foar lichemsdielen, mar ek foar guon oare dingen: Ik parkearje de auto, Wy krije de soan op besite. Dat lit ik lykwols fierder gewurde.

Werom nei de sûnens.
Wy jouwe earst oan dat we pine ha en dêrnei pas wêr’t dy pine sit. Hoofdpijn, dat is dus pine yn ’e holle of koarter pineholle. Oorpijn is by ús pine yn it ear, pynyntear of pyntear, buikpijn pine yn it liif, pynyntliif of pyntliif. Yn it wurdboek stiet sa in hiel rychje. Ik neam noch in pear: pinebûk, pinekiel, pinemûle, pine op it wetter. We sizze it dus krektoarsom as yn it Hollânsk. De wurden binne ek net altyd deselde. Wy ha it oer pinemûle en net oer kiespijn en dat strykt aardich mei wat ik al sei. Earst de pine en dan it plak en de kies sit yn ’e mûle. Dúdlik! Pine yn ’e bûk foar buikpijn is in oar foarbyld. Wy sizze pine yn it liif, pyntliif. As we witte dat it sa sit, earst de pine en dan it plak, dan meitsje we de flater dat we dy twa dingen omdraaie, it ‘omstekeard ’dogge, en it dus krekt as yn it Hollânsk sizze net sa gau as no. Dan sizze we net fan: hollepine, mûlepine earpine en sa fierder.

Ik tink oan wurden lykas bealch, bek, harsens, kop
en dus oan pinebealch, pinebek en sa fierder.

It famke hat de earm stikken.

It wurdsje ‘pine’ brûke we faak en folle yn de krekt neamde gearstallingen, dat is dúdlik. As it net om sokke gearstallingen giet, feroaret dat. Dan sizze we dat it ús sear docht. Bygelyks: Ik ha in seare finger, de earm docht my sear, de hûd docht my sear. Wy ha fansels ek noch wol oare omskriuwingen lykas: ik ha lêst fan, it fielt net sa noflik, it jokket my en mear. No binne der ek noch altyd minsken, dy’t as it om pine giet, graach grouwere wurden brûke. Ik tink oan wurden lykas bealch, bek, harsens, kop en dus oan pinebealch, pinebek en sa fierder. It binne wurden dy’t wol yn it wurdboek steane, mar dy’t we hjoed-de-dei mar better net mear brûke kinne. Dat wurdt ûnfatsoenlik fûn en it makket dat negatyf oer it Frysk praat wurdt. Likegoed kin ik wol begripe, dat wa’t it hast útraast fan ’e pine dy wurden dochs wolris brûkt.

No’t ik it ha oer wurdsjes as pine en sear falt it my op dat dy beneamingen ek brûkt wurde wylst it mei de pine sels wol wat tafalt. Dan ha we it fansels oer it figuerlik brûken fan de taal. Pine yn it liif is in foarbyld dat beide mooglikheden kinne. It kin echt sa wêze, mar it kin ek betsjutte dat men noed hat oer it iene of it oare. Pine yn it hier is in dúdliker foarbyld. It hier docht fansels net sear, dat kin net iens, mar it betsjut wol dat dyjinge in kater hat en him dus goed beroerd fielt. Oare útdrukkingen: Dat is de pine wol wurdich, Yn ’e pine sitte, immen út ’e pine helje. En minsken kinne ek pine yn ’e beurs ha. Ik leau dat de útdrukkingen stik foar stik wol nei te kommen binne.

Soks freget dan om in tút of in sear lapke
en dan giet alles samar wer foar wûnder.

Foar it wurdsje ‘sear’ jildt itselde. Bern dy’t falle, hjir of dêre tsjinoan komme, kinne har sear dwaan. Dan ha se in seare finger, in seare foet, seare steden. Soks freget dan om in tút of in sear lapke en dan giet alles samar wer foar wûnder. Mar dat wurdsje ‘sear’ kin krekt as pine likegoed figuerlik brûkt wurde en dat dogge we ek gauris sa. Dat docht my sear kin dus gewoan de pine betsjutte, mar ek dat ik bygelyks misledige wurdt. In pleister op it sear (in echt pleister of wat goed meitsje) is noch in oar foarbyld dat it beide kanten út kin. Dat jildt al net mear foar: Ald sear, Immen op it sear komme, Jin de lea sear hâlde (yn tûzen noeden sitte). Dy kinne allinne mar figuerlik bedoeld wurde. Oare foarbylden:: In libben ha as in lús op in seare holle. Dat betsjut dat men in moai en goed libben hat. Of: Dan docht ús de holle net mear sear. Dan libje wy dus net mear.

De jonge hat in gat yn ‘e holle.

Skriuwend oer pine en sear en dat we gjin besitlike mar wol persoanlike foarnamwurden brûke as it giet om dat wat fan ússels is, wol ik ek noch efkes in opmerking meitsje oer de lidwurden ‘de’ en ‘it’ op dy plakken. It falt op dat dy, as it oer ús lichem giet, gauris krekt oarsom as yn it Hollânsk brûkt wurde. Wy prate oer it kin, it burd, it wang, it skouder, it kût, it ankel, it bil, it boarst en sa binne der wol mear. Yn it Hollânsk binne dat allegearre de-wurden: de baard, de wang, de schouder, de kuit, de bil. Ik wit wol dat soks net allinne foar it lichem jildt en dat der dus ek wol oare Fryske it-wurden binne, dy’t yn ’t Hollânsk de krije. Tink mar oan: it boadskip-de boodschap, it plak–de plaats, it slaad-de sla en sa fierder. Likegoed fyn ik dat it by lichemsdielen krekt wat faker oan ’e oarder is. Oarsom komt fansels ek foar, dat Fryske de-wurden yn ’t Hollânsk het krije, mar dan giet it om in lytser tal. Foarbylden: de fôle-het veulen, de hikke-het hek, de oere-het uur. Yn guon gefallen kinne beide lidwurden: de en it. Tink mar oan: de en it bedstee, de en it stumper. It soe moai wêze as we de lidwurden hâlde sa’t it heart, mar dan moatte we der wol goed om tinke en dat falt net ta.

Dêr binne wol foarbylden fan, dat it dochs feroaret. Tink mar oan it fabryk-it bûterfabryk dat no eins gewoan de fabryk neamd wurdt. En oars wol: it brief-de brief, it bedstee-de bedstee.

Ta beslút noch in siswize. Net ien hinket om in oar syn seare foet of, Net ien hinket oan in oarmans sear. Dat betsjut dat nimmen de soargen fan in oar beoardielje kin of dat men frijwat ûnferskillich bliuwt ûnder it leed fan oaren.

Mar dat jildt fansels net foar ús!

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 11 maaie yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

maaie 14, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.