86,4% hellet prip tsjin meningokokkesykte yn earste faksinaasje-omgong

maaie 15, 2019 07:36

Dit jier ropt GGD Fryslân, yn opdracht fan it ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport, goed 35.000 jonge minsken yn Fryslân op foar in faksinaasje tsjin meningokokken ACWY. De earste faksinaasje-omgong hat yn maart en april west. 19.498 jongelju krigen in oprop. Fan harren hat 86,4% op ien fan de lokaasjes west om in prip te heljen.

Foto: pixabay.com

Projektlieder fan de faksinaasjekampanje Jeannette Provoost (GGD Fryslân) is tefreden mei de opkomstresultaten oant no ta en de gearwurking mei alle Fryske gemeenten. “De jonge minsken berne yn 2001, 2002 en 2004 binne no allegear oproppen. Fan de jongelju dy’t in oprop krigen foar maart of april, hat 86,4% in prip helle. Dêr binne wy bliid mei. Wy kinne pas yn ’e hjerst definitive opkomstsifers jaan, wannear’t alle faksinaasje-omgongen west ha. Dan witte we ek hoe’t de Fryske sifers binne neffens de lanlike. Foar de kampanje wurkje we gear mei alle Fryske gemeenten. De organisaasje en gearwurking is wat ús oanbelanget goed ferrûn.”

Groepsbeskerming
Yn maaie en juny wurde jongelju berne yn 2003 en 2005 oproppen. Yn ’e hjerst fan 2019 krije jonge minsken dy’t gjin faksinaasje helle ha in werhellingsoprop. De steatssekretaris besleat om dy groep jongelju te faksinearjen om harren, en dêrmei yndirekt de hiele befolking, te beskermjen. Ien prip is genôch om jin op syn minst fiif jier te beskermjen tsjin meningokokkesykte. Der is keazen foar jongelju om’t it tal syktegefallen yn dy groep sterk tanimt, oerdracht (troch hoastjen, prústen of tútsjen) yn dy groep maklik bart en der in heech risiko op ferstjerren bestiet. It ministearje naam it beslút foar de kampanje om’t it tal ynfeksjes mei meningokokken type W tanimt.

Humaan papillomafirus (HPV)
Tagelyk binne famkes berne yn 2006 oproppen foar harren earste HPV-faksinaasje. Yn ’e hjerst krije sy in útnûging foar in twadde faksinaasje. It opkomstpersinaazje wie 67,5%. Ferline jier wie dat 41,9%. De oarsaak fan de stiging is noch net bekend.

Mear ynformaasje of fragen oer de prip?
Sjoch op www.ggdfryslan.nl of www.deelditnietmetjevrienden.nl foar mear ynformaasje oer de meningokokkefaksinaasje. Dêr binne ek ferhalen te lêzen fan jonge minsken en âlden dy’t meningokokkesykte fan tichtby meimakken. Fragen kinne steld wurde fia 088 – 2299240. Fia www.jouwggd.nl kinne ek anononym fragen steld wurde troch middel fan in live tsjet. Dat kin alle wurkdagen fan 15.00 oant 21.00 oere en sneins fan 18.00 oant 20.00 oere.

maaie 15, 2019 07:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.