​De EU, de regio’s en de takomst

maaie 9, 2019 08:26

Nei oanlieding fan de kommende Europeeske parlemintsferkiezingen, op 23 maaie, dûkt Omrop Fryslân yn it Europa fan no en de takomst. Wat is Europa eins en wat hawwe de ynwenners deroan? En wat hawwe minderheidsregio’s te freegjen en te bieden oan de Europeeske Uny?

Ofbylding: Omrop Fryslân

Om de ferkiezingen wat tichterby te bringen, stjoert Omrop Fryslân ûnder oare de programma’s ‘Europa foar begjinners’ en Fryslân DOK ‘De grinzen fan Europa’ út. Ek yn Fryslân Hjoed, It Polytburo en Buro de Vries is de kommende perioade rom omtinken foar de Europese verkiezingen. Mear dêroer op de dossierpagina Omropfryslan.nl/europa.

Europa foar begjinners
Wat is Europa eins en wat hawwe de ynwenners deroan? Yn de wike foar de Europeeske ferkiezingen jout Omrop Fryslân antwurd op dy fraach yn it programma ‘Europa foar begjinners’. Emiel Stoffers, bekend as sjonger fan de Hûnekop, giet ûnder oare yn Straatsburg op ‘en paad mei Europarlemintariër Jan Huitema. Europa foar begjinners is 21, 22 en 23 maaie te sjen om 17.45 oere.

Buro de Vries
Radioprogramma Buro de Vries, alle sneinen om 11.00 oere, hat alle wiken in Fryske kandidaat foar de Europeeske parlemintsferkiezingen te gast. Yn it nijsfoarum beprate sy mei oare dielnimmers in tal aktuele tema’s.

Fryslân DOK: De grinzen fan Europa
Yn it trijelûk ‘De grinzen fan Europa’ siket Fryslân DOK it antwurd op de fraach wat de minderheidsgebieten oan de EU te freegjen, mar foaral ek te bieden hawwe. By de oprjochting fan de EU wie de ferwachting dat Europa der ek foar de minderheden en de regio’s wêze soe. Faak moat de EU lavearje tusken it belang fan de minsken yn de regio’s en dat fan de naasjesteaten. It docht bliken dat de Brusselske bestjoerders faak kieze foar it lêste.

Oant en mei snein 19 maaie is ‘De grinzen fan Europa’ fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. It programma is ek werom te sjen op Omropfryslan.nl/fryslandok.

maaie 9, 2019 08:26
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. mbc84 maaie 10, 20:40

    En wat hat dy EU foar it Frysk betsjutten/ betsjutte kinnen… Hielendal neat. Dy EU hat hielendal neat op mei de autochtoane kultueren en talen fan Europa. It sjocht derop del. It ymportearret folk dat hjir net thús heart en nea diel wurde wol fan dy Europeeske talen en kultueren, om’t ek sy dêrop del sjogge.
    De EU is in ferlerne saak. It is in soarte fan Sovjet Uny, en sa’t dy SU ynstoarte, sil ek dy EU (lokkigernôch) ynstoarte. It is in saak fan wannear, net oft.
    Stim 23 maaie foar dyn lân en foar Europa, stim tsjin dy EU mei’t it net noch langer libje kin. EU is út, Europa is yn!

  2. Kerst Huisman maaie 11, 00:33

    It ferskriklik swiere punt is, dat ek Nederlân neat betsjut foar it Frysk, en ek noait wat betsjutten hat. It belied fan de Nederlânske steat liedt yn essinsje ta de ferneatiging fan ús taal, en dêr soe ik it betinken fan mbc84 wolris oer lêze wolle. EU of Nederlân, it is wat dit oanbelanget, lead om âld izer. Dus ik sil wiswier net mei de argumintaasje stimme, lykas mbc84 hjir oandraacht: Stim 23 maaie foar dyn lân en foar Europa, stim tsjin dy EU mei’t it net noch langer libje kin. EU is út, Europa is yn! Ik tink dat ik wol te stimmen gean, mar perfoarst net mei dizze argumintaasje.

  3. mbc84 maaie 11, 08:47

    Kerst, jo hawwe dêr gelyk, beslist. Nederlân hat en sil ek net wat betsjutte wolle foar Fryslân en it Frysk.
    Sintralisaasje hat der ta laat dat Fryslân fertutearzge, krekt sa’t dat mei Nederlân no bart yn de sintralisearre EU.
    Mar litte wy Kataloanje nimme, sjoch hoe’t de EU him dêrby opsteld hat… En dy slûge Katalanen mar miene dat dy EU wat foar harren betsjutte koe..
    Allyksa is it mei Skotlân, mar dêr wrottet dy EU dan wol lekker want it FK hat besletten derút te stappen.
    De EU is in sosjalistysk projekt dat wolfeart en jild werferdielt, it weihellet út de lannen dy’t it produsearje en bringe nei de lannen dy’t it oars dogge. Yn Europa hawwe je naasjesteaten en dat moatte je sa gewurde litte. Europa kin en sil nea ien wurde, útsein at je de autochtoane befolking minimalisearje..

  4. Kerst Huisman maaie 11, 10:10

    Tankewol, mbc84. Mar ik soe ek graach wolle dat wy hjirre yn It Nijs ris yngeand diskussearje soenen net oer wat de Europeese Uny of it Haachske parlemint, mar WY dan wolle mei taal en mienskip. Yn de diskusjes over Fryslân en it Frysk ûntbrekt hast folslein it takomstperspektyf. Der wurdt faken flechte yn lofsangen op de taal of yn it op in fuotstik setten fan helden út it ferline, mar dêr keapje wy hjoed de dei neat foar. Ik haw dêr wol in stikmennich ûnderboude ideeen oer, mar ik soe earst wolris witte wolle wat oaren derfan fine. Litte wy it dêr dan ris mei syn allen oer hawwe.

  5. Abe maaie 12, 16:09

    Lang libje de EU, en fuort mei de faksistepraatsjes.fan anonime kwezels.

  6. Johannes maaie 12, 19:14

    Abe, skelle dogge wy hjir net. Wy sizze inoar it manneboet op en stimme foar gearwurkjen yn de EU. De EU is in samling fan steaten en elk beslút wurdt troch de lannen dien. As der wat mis is mei de EU en dat bard noch wolris, is it de skuld fan de regearing lieders. By ús dat MP Mark Rutte mei syn ministers.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.