Ynvestearring fan ien miljard foar selsridende Ubers

april 19, 2019 11:46

Trije bedriuwen ynvestearje ien miljard dollar (884 miljoen euro) yn de ôfdieling fan taksytsjinst Uber dy’t al in pear jier oan selsridende auto’s wurket. It jild komt fan Toyota, de Japanske autofabrikant Denso en Softbank. Troch de jildynjeksje wurdt Uber op papier 7,25 miljard dollar wurdich.

Tesla S mei autopiloatfunksje (foto: Wikipedia/Jusdafax)

Uber hat de ôfrûne jierren al in protte ynvestearrings krigen. Yn totaal stiet de teller al op hast fyftjin miljard dollar. De ynvestearring komt flak foar’t it bedriuw nei de beurs gean sil. Nei alle gedachten bart dat takom moanne. It bedriuw hopet dêr op in folsleine wearde fan hûndert miljard dollar.

De Uber-tûke foar selsridende auto’s kaam ferline jier yn problemen, nei’t de auto in oerstekkende frou deariden hie. It projekt waard dêrnei in pear moanne stilset en is yn desimber wer úteinset. It is de fraach hoe fier as Uber no mei it ûntwikkeljen fan syn selsridende auto is.

Ferskate oare partijen dogge ek testen mei selsridende auto’s, lykas Waymo, Lyft en General Motors. Sakeside Quartz berjochte ferline jier dat der wrâldwiid sa’n 75 pilots mei selsridende auto’s rinne.

april 19, 2019 11:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.