Ynternasjonale moeting fan studinten Frysk

april 10, 2019 08:15

Dosinten en studinten Frysk yn Flensburch oan ‘e kofje. Foto: L. Kuiper

Studinten Frysk fan de Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden hawwe ferline wike in besite brocht oan stúdzjegenoaten yn Flensburch. Oan de Europa Universität yn dy stêd kin men de Fryske taal ek bestudearje. De studinten wiene fjouwer dagen yn Flensburch en folgen mei-inoar fakken.

De studinten hiene de opdracht en ferlykje de stúdzjeprogramma’s. De begeliedende dosinten hawwe mooglikheden bepraat om faker dosinten en studinten út te wikseljen. Dosint Henk Wolf, dy’t de Ljouwerter groep begelate, fertelt dat it doel is dat de Flensburgers nei de simmerfakânsje in tsjinbesite bringe.

Oan de Europa Universität kin Frysk allinnich as twadde stúdzje nêst Dútsk folge wurde. Op it stuit folgje tolve studinten de folsleine stúdzje Frysk en nochris tachtich studinten folgje in pear byfakken Frysk. NHL Stenden hat tweintich studinten dy’t in folsleine stúdzje Frysk dogge en sa’n 35 byfakstudinten. Studinten út beide stêden kinne learaar Frysk yn it fuortset ûnderwiis wurde.

april 10, 2019 08:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.