Yllegale peaskefierders East-Nederlân bringe oaren yn gefaar

april 21, 2019 09:55

Ferskate gemeenten yn Drinte en Oerisel hiene dit jier it oanstekken fan brânsteapels ferbean. Oaren stiene it ûnder strange betingsten ta. Peaskefjurren binne yn ‘e Nedersaksyske streken in tradysje. Mei’t it lykwols al in hoart tige droech is en it fannacht hurd waaide, wie it neffens de brânwacht en de boargemasters op guon plakken te nuodlik en lit in grut fjoer baarne.

Guons loeken harren dêr lykwols neat fan oan. Yn Deldenerbroek, Stienwikerlân, Wijster, Skeanesleat, Elim en Hardenberch giene de oploege bulten fannacht dochs yn ‘e brân. De brânwacht moast derby komme. Yn Elim wie sels in kraan nedich om it hege fjoer dwêste te kinnen. Django Temmink, de organisator fan it peaskefjoer yn Elim, is poerlilk op ‘e dieders. Hy seit: “Het vuur was niet voor niets afgelast, Het was niet verantwoord met deze droogte. Het geeft ook nog eens een hoop gedoe en een grote rotzooi.” Hy wiist derop dat de rommel opromme wurde moat en freget him ôf wa’t foar de kosten opkomme sil.

Yn Skeveling soarge in grut fjoer by hurde wyn yn ‘e âldjiersnacht foar in soad skea en gefaar foar bewenners. Troch de waarme, droege simmer fan ferline jier is it wetter yn Europa noch altiten krap.

april 21, 2019 09:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.