Wolle jo ek witte hoe’t jo it Frysk helpe kinne?

april 20, 2019 14:18

It rêden, emansipearjen en stypjen fan lytse talen is in fak. Wittenskippers yn allegear ferskate lannen hawwe troch tsientallen jierren ûndersyk sa stadichoan in goed byld fan wat nedich is, wat wurket en wat net wurket. Spitigernôch dogge beliedsmakkers net altiten likefolle mei dy kennis.

Wa’t mear witte wol oer de stân fan it ûndersyk nei taalpolityk, dy kin yn maaie yn ‘e folop te gast oan de lêzings fan gâns saakkundigen. Hja fertelle yn Ljouwert oer harren ûndersyk. Dat dogge hja op ‘e 17e konferinsje oer minderheidstalen. Organisator is Mercator, in ûndersyksynsitút fan de Fryske Akademy.

Nij libben

Delyth Prys fan de universiteit fan Bangor yn Wales fertelt op ‘e konferinsje hoe’t kompjûtertapassings brûkt wurde kinne om in taal nij libben yn te blazen. Gearóidín McEvoy út Ierlân fertelt hoe’t minskerjochteferdraggen brûkt wurde kinne om taalbelied foarm te jaan. De Katalaanske politikus Bernat Joan i Marí fertelt hoe’t ynternasjonale gearwurking tusken regio’s lytse talen foarúthelpe kinne. Maria Koliopoulou út Eastenryk beantwurdet de fraach wannear’t it wol en net sinfol is om teksten yn minderheidstalen oer te setten. Stiofán Seoighe út Ierlân besiket om antwurd te jaan op ‘e fraach yn hoefier oft de taalnoarm foar lytse talen in plak fertsjinnet yn it ûnderwiis. Hy docht dat ûnder de titel ‘Brysk Iersk is better as geef Ingelsk, mar geef Iersk is better as bryk Iersk’.

Fryske wittenskippers

Ut soarte komme der ek Fryske wittenskippers oan it wurd. Mirjam Günther fan hegeskoalle NHL fertelt oer in nij eksperimint mei meartaligens op skoallen yn Fryslân. Hans van der Velde fan de Fryske Akademy besprekt de mooglikheden om lytse talen te stypjen mei taaldatabanken. Mirjam Vellinga fan de ‘Praat mar Frysk’-groep fan de Afûk en Lysbeth Jongbloed fan de Fryske Akademy dogge mei oan in diskusje oer it belang fan ‘e sosjale media foar lytse talen.

De konferinsje is fan 22 oant en mei 24 maaie yn it WTC Expo (de earder Fryslânhallen/FEC) yn Ljouwert. Dielname kostet 230 euro. Oanmelding is mooglik op it ûndersteande webstee:

https://icml.eu/registration/

april 20, 2019 14:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.