Walfisk mei fjouwer poaten ûntdutsen

april 8, 2019 08:27

Undersikers hawwe yn sediminten by de kust fan Peru lâns oerbliuwsels ûntdutsen fan in walfisk mei fjouwer poaten dy’t sa’n 42,6 miljoen jier lyn libbe. In gearfetting fan harren ûndersyk stiet yn it tydskrift Current Biology.

Ofbylding: Wikipedia/Bob Hines (publyk domein)

De walfisk hat de namme Peregocetus pacificus krigen. It bist wie sa’n fjouwer meter lang. De sturtwringen fan de walfisk dogge tinken oan dy fan bevers en otters.

Op de toppen fan de poaten sieten lytse hoeven. Dy hoeven wize derop dat it bist poerbêst oer lân rinne koe, njonken dat it bist in goede swimmer wie. It  is mooglik it âldste walfiskbonkerak mei fjouwer poaten dat oant no ta yn Amearika fûn is. De âldens en lokaasje fan it bonkerak ûnderskriuwe de stelling dat iere walfiskeftigen fan Afrika nei Súd-Amearika swommen. De ôfstân tusken de beide kontininten wie yn dy tiid twa kear sa lyts as no.

april 8, 2019 08:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.