Waarpraatsje: Woansdei mear sinne

april 30, 2019 18:52

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – De sinne hie it tiisdei dreech en de bewolking wie steech. It bleau boppedat oan de kâlde kant. It waar sjocht der foar woansdei wat better út.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is de loft, nei alle gedachten, berûn. By in swakke wyn út it noarden oant noardwesten leit de temperatuer om de 7 graden hinne.

Woansdei is de loft earst noch berûn, mar letter is der in tanimmende kâns op sinne. De swakke oant matige wyn komt út it noardwesten. De temperatuer leit tusken de 10 en 14 graden.

It bliuwt foarearst ritich en it wurdt stadichoan ek kâlder.

Jan Brinksma

april 30, 2019 18:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.