Waarpraatsje: Tige waarm foar de tiid fan it jier

april 17, 2019 18:51

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie woansdei in kreaze dei mei wat mear bewolking, mar it bleau drûch. Wy krije no in tal strieljende maitiidsdagen mei hege temperaturen.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei wurdt it geandewei helder. By in matige eastewyn leit de temperatuer om de 8 graden hinne.

Tongersdei skynt de sinne de hiele dei. De matige wyn komt út it easten. It wurdt op in soad plakken 20 graden.

Freed feroaret der hast neat oan it waar. It is op ‘e nij in strieljende en waarme maitiidsdei.

Jan Brinksma

april 17, 2019 18:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.