Waarpraatsje: Stadichoan minder waarm

april 24, 2019 18:29

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie woansdei noch in hiel kreaze en tige waarme dei. Yn Ljouwert waard sels hast in offisjele simerske dei (25 graden of mear) helle. Der wiene oerdei ek gjin buien. Fan tongersdei ôf wurdt it minder waarm.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei kin der noch in bui falle. Letter yn ‘e nacht wurdt it helder. By in matige sude- oant súdeastewyn wurdt it 10 graden.

Tongersdei rekket de loft berûn en letter op ‘e dei is der kâns op inkelde buien. De matige oant frij krêftige wyn komt út it suden oant súdeasten. De temperatuer leit om de 19 graden hinne.

Fan freed ôf wurdt it noch wat minder waarm. It bliuwt ek ritich.

Jan Brinksma

april 24, 2019 18:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.