Waarpraatsje: Skriel

april 9, 2019 19:04

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei al wer in strieljende dei, mar it wierre skraal. Woansdei is der op ‘e nij in soad sinne, mar it wurdt ek noch wat kâlder.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is it helder. De wyn komt út it noardeasten en is swak oant matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om de 3 graden hinne.

Woansdei skynt de sinne wer de hiele dei. De matige wyn komt út it noardeasten. By de kust lâns stiet in frij krêftige oant krêftige eastewyn. It wurdt net folle waarmer as 9 graden.

Tongersdei en freed is der mear bewolking en it wurdt dan noch wat kâlder.

Jan Brinksma

april 9, 2019 19:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.