Waarpraatsje: Ritich

april 25, 2019 18:49

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in nacht mei dochs wol flinke (tonger)buien, wie it tongersdei yn Fryslân in hiel kreaze dei. It bliuwt no earst ritich.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed rekket de loft berûn en kin it sa út en troch reine. De wyn komt út it westen oant súdwesten en is swak oant matich. De temperatuer leit om de 8 graden hinne.

Freed wikselje hingelwolken en sinne inoar ôf, mar in bui, miskien wol mei tonger en hagel, is net útsletten. By in matige súdwestewyn wurdt it 17 graden.

Yn it wykein is it ritich en oan de frisse kant.

Bysûnder:
Yn Ljouwert waard woansdei mei 25 graden de earste simmerske dei fan dit jier registrearre. Dat wie earder as yn De Bildt en dat is seldsum. It wie yn de Fryske haadstêd ek waarmer as yn Maastricht. Dat bart ek net faak! Koartsein; in bysûndere dei.

Jan Brinksma

april 25, 2019 18:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.