Waarpraatsje: Oar waar

april 22, 2019 18:00 Fernijd

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in strieljende en tige waarme Peaske, feroaret it waar stadichoan. Der komt mear bewolking, it wurdt letter yn ‘e wike in hiel stik frisser en de kâns op ritich waar nimt ta.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is it helder, mar der is ek hege bewolking. De matige wyn komt út it easten. By de kust lâns stiet in frij krêftige wyn. It wurdt 10 graden.

Tiisdei is der noch in soad sinne, mar sa út en troch ek hege bewolking. De wyn komt út it easten oan súdeasten en is matich oant frij krêftich. By de kust lâns stiet wat mear wyn. De temperatuer leit tusken de 19 en 22 graden.

Woansdei is it ek noch waarm, mar der is al mear bewolking en kâns op in bui.

Jan Brinksma

april 22, 2019 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.