Waarpraatsje: Minder sinne en kâld

april 10, 2019 19:08

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kâlde nacht mei in hiel lyts bytsje froast wie it in strieljende mar ek kâlde woansdei. Tongersdei is der mear bewolking, mar it bliuwt oan de kâlde kant.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is it helder, mar letter is wat bewolking net útsletten. De wyn komt út it noarden oant noardeasten en is swak oant matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit krekt boppe it friespunt.

Tongersdei is der neist sinne ek (tanimmende) bewolking. By in matige noardeastewyn wurdt it in graad as 8.

Freed feroaret der net folle oant it waar.

Jan Brinksma

april 10, 2019 19:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.