Waarpraatsje: Maitiid mei in haadletter

april 19, 2019 18:03

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in strieljende en tige waarme freed foar de tiid fan it jier, sjocht it der ek foar sneon en de Peaske poerbêst út.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is it helder. By in swakke oant matige easte- oant noardeastewyn wurdt it om de 7 graden hinne.

Sneon skynt de sinne wer de hiele dei. De wyn komt út it noardeasten en is swak oant matich. Op de measte plakken wurdt it goed 20 graden. By de kust lâns en op de Waadeilânnen is it wat minder waarm.

Mei de Peaskedagen bliuwt it folslein maitiid.

Jan Brinksma

april 19, 2019 18:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.